Weppers peaskesnein

Utslaggen stille sneon
22 april 2011
Weppers peaskemoandei
25 april 2011

Perioadekampioen!
It is no definityf. De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe de 3e Perioade wûn. Wat dit fierder ynhâld is noch net bekend. Wy binne benijd as der noch mear ploegen fan SDS dit seizoen in pryske pakke.

Pupillen fan de wike
Juster gjin pupillen fan de wike bij SDS 1. De jonges hiene beide ôfsein. Sij gyngen leaver nei it swimbad. En dat begripe wij hiel goed.

Op syk nei…..

Sneontemoarns is it in kommen en gean fan heiten, memmen, pakes en beppes. Se komme allegear efkes lâns om te sjen hoe’t de jeugd it docht. Sneontemoarn skarrele de 87-jierrige hear J. Kok fan Harns (reade jas oan) om de fjilden hinne. Op syk nei in jonkje mei de namme Bergsma, hij moast fan Wommels komme en hij soe om 10 oere fuotbalje moatte. Syn motifaasje om te sjen wie dat it jonkje syn mem, syn sike frou fersoarge. Kok, sels in fúleindich sportman (no noch) genoat fan alles en wist de harkers te boeien mei foar- en neioarloachse ferhalen. Sa hie der dochs noch in moaie moarn ûndanks dat er syn doel net berikt hat want om hokker jonkje it no gie………

Strafskop

Wij hiene begrutsjen mei de hear Kok en stelden him foar om dan mar in strafskop te nimmen op it pupillen doel. Jorrit Hofstra fan D1 wie de doelman en mei aaklike presysje skeat Kok fia de binnenkant fan de peal, en mei effekt de bal kreas efter Jorrit.

Barcelona
Dat de sjurtsjes fan Barcelona tige herkenber binne, waard sneon wer ris dúdlik. “SDS moat tsjin Barcelona”, sei in lyts fuotballerke doe’t hij de C’s fan SDS fuotbaljen seach tsjin sc Terschelling.
“Barcelona is op besite”, wie it earste wat Willem Overal (flagger SDS 2) sei doe’t er bij it sportpark oankaam.

VVO
De sealfuotballers fan Easterlittens wolle o sa graach hegerop, mar dat wol net rjocht slagje. De ôfrûne twa jier waarden sy twadde yn de 2e-Klasse en ek no lykje sy wer twadde te wurden. De “kampioenswedstryd” ôfrûne woansdei tsjin VV Leeuwarden 1 waard jammerlijk mei 0-3 ferlern wêrtroch Leeuwarden no 1e stiet mei itselde oantal punten as VVO. VVO is al útfuotballe wylst Leeuwarden noch ien kear fuotbalje moat.

Utgean
Hjoed muzyk yn it Dielshûs Why Not en yn Jimbar Martijn Kentie.

Gerrie Snel
Fanôf no diel 2:

Gerrie Snel giet as in komeet. Hy stie sels al yn de Ljouwerter Krante(klik hjir).

Harsens derby (454)
Dizze assistent-skiedsrjochter is blykber yn in foarich libben basketballer west: