Weppers moandei 9-5

A1 kampioen
7 mei 2016
SDS-barbecue! Jou je noch gau op!
11 mei 2016

Undersnijd nijs
In soad berjochten oer SDS A1 fansels, mar net ûnbelangryk wie de kreaze oerwinning fan SDS 1 op Oeverzwaluwen 1. Doelpunt wie fan Teun Heeres. Spitich dat WPB it hielendal sitte liet tsjin NOK want no is der sneon mar ien ding wat telt, in oerwinning op Oudehaske, dat oan in gelykspul genôch hat om der yn te bliuwen.
It is wol dúdlik wat wij sneon allegear dwaan moatte: SDS 1 oanmoedigje.

Undersnijd nijs (2)
In soad berjochten oer SDS A1 fansels, mar SDS 2 wûn sneon thús ek noch efkes knap mei 3-2 (twa goals fan Pieter Kamstra en in eigen goal) fan kampioen sc Berlikum. It docht hjoed sels bliken dat dit dochs noch in periode oplevere hat en dat SDS 2 de neikompetysje yn mei. SDS 2 komt yn in poule mei BSVV út Bovensmilde en De Wâlde 2. Dizze twa moatte sneon tsjinelkoar fuotbalje en dan is SDS 2 frij. Hoe ’t it fierder komt is ús noch net bekend.

Skoallefuotbal
Moarn is der skoalfuotbal op de Skoalleseize. Ferskeidene basisskoallen sille hjir wer oan meidwaan. It begjint om 15.30 oere. Wy kinne noch wol in pear skiedsrjochters brûke. Graach opjaan by Robert Schildkamp.

Yn de tegels!
Tongersdeitejûn om 19.00 oere wurdt der in begjin makke mei it ree meitsjen fan de Skoalleseize foar de oanlis fan it keunstgersfjild. Sa sille de tegels efter de dug-outs derút helle wurde. Wolle je ek efkes helpe jou dit dan efkes troch fia info@vv-sds.nl. Fansels is eltsenien wolkom om efkes te helpen. Ek de junioaren fan SDS.
Efkes 1 1/2 oere knalle en dan efkes neisitte yn de kantine.
 

Programma dizze wike
Kommende woansdei spilet SDS C3 thús tsjin TOP C1. It begjint om 19.00 oere.
Tongersdei mei SDS F1 it opnimme tsjin ONS F1. Dat is in útwedstriid dy’t om 18.30 begjint.

SDS-barbecue!
Kommende sneon nei SDS 1 – Oudehaske 1 is der in grutte SDS-barbecue foar eltsenien. Jim kinne jim 
hjir opjaan. Al sa ’n 70 oare SDS’ers gienen jim foar!


Jan Nota
Sneon komt Jan Nota spyljen yn de kantine nei SDS 1 – Oudehaske 1. Fansels komt hy it SDS-klupliet ek spyljen. Jim meie de tekst wol fêst út de holle lere.

“Wy binne sljocht op SDS!”

Rocknacht Easterein
Nei de muzyk fan Jan Nota en de barbecue kinne je letter op de jûn noch efkes trochsette by Rocknacht Easterein:


Digitaal oerskriuwe

As je op dit momint by in oare fuotbalferiening fuotballe en je wolle kommend seizoen graach by SDS fuotbalje dan kin dat tsjintwurdich allegear digitaal regele wurde en hoefe der gjin yngewikkelde papieren mear ynfuld te wurden. Jim kinne der hjir alles oer lêze. It moat al foar 15 juny!

SDS 3 mei de bus!
SDS 3 kin sneon kampioen wurde as sy minimaal in puntsje pakke by direkte konkurrint Balk 3. SDS 3 sil hjir mei de bus hinne. Sy fertrekke om 13.00 en binne rûn 18.00 werom om direkt oan te skowen by de barbecue. Wa ’t foar €5,- mei wol en sa in noflike middei hawwe wol mei dit efkes trochjaan oan Harm Dijkstra(06-20702345).


Lokwinsken (1)

Media preview 
Fansels geane ús lokwinsken út nei al dy SDS-ers dy’t ek PSV fan binne. Yn Easterein waard juster al flink flagge bij promininte PSV-ers lykas Gert Jan H, Jan Simon J. en Harm Auke D. (skynber rinne je mei twa foarnammen in grutter risiko om PSV fan te wurden).
Fansels wie der ek in protte nocht oan ûnnocht fanwege Ajax, wat de iene wepmaster him better foarstelle kin as de oare.

Lokwinsken (2)
Neidat ús lokwinsken al earder útgyngen nei âld SDS-trainer Marcel Frankena, kampioen mei Warga, , gean dy selde lokwinsken no nei âld SDS trainer Lykle Bleekveld. Hij waard kampioen mei sc Franeker -sneon-.

SDS-League
De einstân fan de SDS-League wurdt sneon bekend makke yn de kantine rûn in oer as 18.00 oere.




Daliks mear!