Weppers moandei 7-5

Weppers snein 6-5
5 mei 2012
Weppers tiisdei 8-5
7 mei 2012

SDS 1
Tiisdei 19.00 oere trainen op it b-fjild.
Tongersdei 19.00 oere trainen op it a-fjild.
Sneon de kreaker tsjin it Fean ‘58
Gr. Marco

Frouljustrainen
Het damestrainen van vanavond begint om 8 uur.
We trainen op het veld achter de sporthal.
Tot vanavond! Eeltje en Bram


Foto’s
Henk Bootsma hat sneon ek wer prachtige foto’s makke op de Skoalleseize. Jim kinne se hjir en dêr besjen.


Programma troch de wike
Der steane dizze wike in oantal wedstriden op it
programma:
8-5-2012: SDS A1 – Lemmer A1  19.00 oere
9-5-2012: SDS 5 – Ternaard 3     19.00 oere
9-5-2012: SDS D4 – S.C. Stiens MD1 19.00 oere
De earder plande wedstriid
fan de B’s is in wike fersteld.

SDS A1
De A’s moatte moarn tsjin Lemmer, om 19.00 spylje,
om 18.00/18.15 yn’e box.
b/s.

ONT en Veenwouden
De tsjinstanners fan Minnertsgea en Berlikum kommende sneon binne ONT en Veenwouden. Dizze beide ploegen hawwe alle belang bij in oerwinning want Veenwouden stiet der yn de tredde periode hiel goed foar en ek ONT is bij in oerwinning noch net kânsleas.
It wurdt wer in tige spannende sneon en op foarhân liket it ús in hiele goeie saak om ONT en Veenwouden in hiel soad sukses te winskjen.

Fan herte lokwinske!
Anne en Metsje hawwe in lytse poppe krigen. Snein 6 maaie moarns om in oer as 1 hat Jorrit in broerke krigen. Syn namme is Tiemen.
Moai dat Tiemen wachte hat oan ’t it fuotbalseizoen fan syn heit dien is.

Topper
Der stie ôfrûne sneon hiel wat op it spul foar SDS 5. By winst op SC Franeker 4 soenen sy noch kans meitsje op it kampioenskip. Spitich genôch rûn it wat oars. Sjoch hjir foar it ferslach fan de wedstryd.

Gert-Jan waard foar de wedstryd noch efkes ynteept troch Dooitze. Blessures by SDS 1 moasten mar efkes wachtsje.

Clarence-Tseard
Routinier Tseard Dijkstra miste ôfrûne sneon yn de wichtige topper tsjin SC Franeker 4 foar SDS 5 in pingel. Fansels moast Tseard no ek efkes op de foto foar de Clarence-sluier-trofee:


Lêste kear
SDS 2 sil kommende tongersdei om 20.00 foar it lêst dit seizoen traine. Moarntejûn binne sy frij.

SDS 2 derop út!
Sneon 26 maaie sil de B-seleksje derop út. Sy sille rûn in oer as 4 nei Ljouwert om dêr it ien en oar út te finen.

Wenne
Tom is bliid wer thús te wêzen nei in wike op Skylge sitten te hawwen, mar it moat alwer wenne; “it moat al wenne, heit, dat eltsenien no wer gewoan hoi seit”

Harsens derby (755)
Sa heard dat: