Weppers moandei 7-5-2018

Weppers freed 4-5-2018
4 mei 2018
Weppers woansdei 9-5-2018
9 mei 2018

SDS Vr.1 yn de heale finale fan de beker

SDS vr.1 spilet op kommende sneon thús yn de heale finale fan de beker tsjin ST. NKVV/Germanicus/CSVC Vr.1 út Dalerpeel en Coevorden. De wedstriid begjint om 12.00 oere op it haadfjild. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa!

3A

It wurdt hieltyd spannender yn de tredde klasse A. Mei noch 3 wedstriden te spyljen foar alle ploegen binne der noch tal fan ploegen dy’t dwaande binne om de lêste puntsjes te pakken om bij dat ferfelende 12de plak wei te bliuwen. Tagelyk binne der noch kânsen foar de tredde perioade en foar it 3de of 4de plakje dat mooglik ek rjocht jaan kin mei dwaan oan de neikompetysje. Jim kinne de stân hjir besjen.

SDS 1

Kommende sneon moat SDS 1 tsjin Heerenveense Boys 1. De wedstriid begjint om 14.30 en alle stipe is nedich foar SDS om it slot fan de kompetysje noch moai te meitsjen.

SDS 4

Tiisdeitejûn treedt SDS 4 oan tsjin sc Scharnegoutum 3.  De wedstriid begjint om 20.00 oere.

SDS VR2

Sa’t jim witte sit SDS VR2 yn in 7 tsjin 7 freedtejûnskompetysje. Freed meie sy wer los yn Boalsert. Freed 25 maaie wurde de trije wedstriden yn Easterein spile. GAVC, NOK en sc Bolsward binne de tsjinstanners.

Net altyd looovjende teksten


Net altyd loovjende teksten oer SDS 1 yn de krante. In krantestikje út it seizoen 1987-1988.

Harsens derby (2021)

Fol yn de krúzing…………..