Weppers moandei 7-11-2022

Sneon 5-11-2022
4 november 2022
SDS-League: ‘Happy Feet’ pakt alwer in wykpriis!
8 november 2022

SDS 1 seal

De sealfuotballers fan SDS 1 mochten fannejûn út fuotbalje tsjin NTW en wûnen mei 5-4. Dit betsjut dat sy no koprinner binne.

SDS seal 2

Ofrûne woansdei binne de mannen fan SDS seal 2 op de teamfoto kommen mei harren stipers. Is it net in plaatsje?
Woansdei meie de mannen wer balje om 21.00 oere yn Easterein tsjin Sneek-Wit Zwart.

Boppe: Tjerk Okkema, Janpiet van der Meer, Doede-Rients Okkema, Jelle de Vries, Harm Vink, Pieter de Vries en Hendrik Okkema.
Under: Matthijs Postma, Bouke Fopma en Allert Turksma.
Op de foto misse: Hylke flapper, Ids de Boer, Kees Sandstra en Tjeerd de Vries.

Pechfûgel

Dennis Dijkstra wie sneon de pechfûgel. It docht bliken dat hy sneon yn de wedzstriid Nijland 3 – SDS 5 syn kûtbonke brutsen hat. Wy winskje him betterskip!

Berenloop

Ofrûne wykein wie op Skylge de tradisjoniele Berenloop. De trainer fan SDS 2, Samir Tawafra,  hie it aardich op de heupen, want hy draafde sneon de 10 kilometer en snein de 21 kilometer. Sjapo!

SDS-League

Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Harsens derby (2108)

Ho……………..