Weppers moandei 7-10

Weppers snein 6-10
5 oktober 2013
RABO sponsering
7 oktober 2013

Gjin trainen
Om’t der tefolle spilers mei “pijntjes” binne , is der moandei gjin trainen foar it 2e en 3e.

Tongersdei mar wer ris efkes sjen!
G
roetnis, 

Broer Wiebe

Tas kwyt 

Ôfrûne sneon kaam ik út de kantine wei en soe ik nei hús ta. Doe ik myn fuotbaltas bij it entreehokje ophelje soe seach ik dat hij fuort wie. Fansels hie ik al in pear glêskes bier op, mar ik wit seker dat ik him dêr del setten ha. It giet om in swarte, net al te grutte Rucanor tas. Is der ien die hjir mear fanôf wit, of dy him per ûngelok meinommen hat? Dan soe ik it wol graach witte wolle. 

Gr. Bauke D.
Mail nei info@vv-sds as je der wat fan witte. 


MC1

De fammen fan MC1 mei lieder en trainer steane ek mar wer kreas op de foto.

Mini’s

De mini’s wiene sneon ek wer yn aksje. Se mochten it sels allegear sjen litte op it haadfjild.

Bekerje
SDS MC1 sit noch yn de beker. Sy meie op sneon 19 oktober yn de folgende ronde út tsjin Leeuwarder Zwaluwen MC1.

Bekerje(2)
SDS A1 sit ek noch yn de beker. Sy meie yn de folgende ronde op sneon 19 oktober út fuotbalje tsjin Heeg A1.

Bekerje(3)
Ek SDS F1 sit noch yn de beker. Sy meie op sneon 19 oktober thús tsjin Frisia F6.

Giel en read

In moai gebaar fan de skiedsrjochter bij SDS 1 fan sneon: de twa pupillen krigen allebeide in kaart as herinnering oan harren optreden. De mantsjes lieten efkes sjen hoe’t je in kaart jaan moatte.

Jelke

Dit is Jelke, berne op 1 oktober. Hy is 52 sentimeter lang,  3740 gram en de soan fan Wiepkje Hiemstra en Robert Sijbesma. Fan herte lokwinske!

Keepers
Keepersaction is in organisaasje dy’t keeperstraining jout. Fanôf novimber in training yn gearwurking mei SC Hearrenfean. Sjoch
hjir.

Harsens derby(1127)
Alderaardichst wat Özil hjir docht fansels, mar wy meie gjin kaugom fan ús klupstriker Dooitze…….