Jûn tusken 19.00 en 20.00 oere kinne de leider en trainers hun spullen helje by it ballenhok.
Bekerje siet er dit wykien net yn foar SDS 2, dus wurdt der tiisdeitejûn fuotballe. Harkema Opeinde 2 is om 20.00 oere thús de tsjinstanner.
SDS 1 oefent tongersdeitejûn thús om 20.15 oere tsjin Wikels-Hallum.
SDS 1 oefent nije wike tiisdei 13 septimber yn de Hommerts tsjin HJSC 1 om 20.00 oere.
Kommende sneon hat SDS 1 de earste fan de twa bekerwedstriden.
Marrum 1 is de tsjinstanner. Neffens de Voetbalapp fan de KNVB is it in útwedstriid om 14.30 oere, mar dan yn Easterein.
Ofrûne sneon wie de bekerwedstriid Wikels Hallum 1 – Marrum 1 en dy einige yn 1-1.
Op sneon 17 septimber spilet SDS 1 de wedstriid tsjin Wikels Hallum. Neffens Voetbalapp is it in thúswedstriid, mar dan yn Hallum.
De plaatsjes kinne fanôf kommende woansdei 7 septimber sparre wurde by Jumbo-Kooistra yn Wommels. By eltse €10,- oan boadskippen krije je in pakje plaatsjes mei 4 stickers der yn en by bepaalde aksjeprodukten kinne je ekstra stickers krije.
It sealteam fan SDS 1 hat fannejûn de twadde wedstriid fan de kompetysje mei 8-0 wûn by NTW 2. Ferline wike gie de earste thúswedstriid noch ferlern mei 4-11 tsjin GAVC 2.
SDS docht ek wer mei oan de aksje RABO-clubsupport. Dit rint oant en mei 27 septimber. Moarn mear ynformaasje dêr oer.