Weppers moandei 5-3

Weppers snein 4-3
4 maart 2012
Weppers tiisdei 6-3
5 maart 2012

Da 1 goed spile krekt ferlern
Pieter Veenje stjoerde justermiddei syn ferslachje yn. Hij frege him ôf at wij it sa goed fine.
Pieter, dit liket der mar op, sa’n moai Frysk ferslach:
it wie een moaie wedstiid mei een protte kansen foar Skearnegotum mar se foelen er net in, op ien nei in de earste helte mar sds kwam wer werom mei een goal fan jits de spits. Yn de twadde helte kwam skearnegoutum noch ien kear foar de goal fan sds en dy foel er wol yn. Der wiene ek moaie aksjes fan Tarina die er noch een protte utkeard hat
Undanks de kansen foar skearnegoum wie het oan it foutbal net te sjen dat se een klasse heger spylje.
Al mei al een einstan in het foardiel fan skearnegoutum 2-1.

Trainingen
Der sille dizze wike wol hiel wat trainingen wer losgean. Want kommende sneon begjint ek foar de jeugd de kompetysje wer.

Trainen D3
Moarn (tiisdei) gjit de training fan de D3 wêr los. Tongersdei is er dizze wike nog gjin training foar de D3.
Hans

Trainen F2
Jûn nog gjin trainen foar de F2, woansdei om 17:00 oere gean se wêr los.
Hans

Dat kloppet………
Ôfrûne sneon stie SDS 1 al betiid op it fjild foar it begjin fan de 2e helte. De skiedsrjochter en tsjinstanner wienen der noch net. Doch waard der (sa’n 5 minúten te betiid) op de doar kloppe. SDS 1 kaam út de boks, mar de skiedrjochter wie nearne te sjen. By neifraach blike de skieds ek fan neat te witten. Letter op de middei waard dúdlik wa ’t de dieders wienen. Dizze jonkjes woenen de mannen fan SDS 1 efkes op skerp sette.


Klaverjassen
Ôfrûne sneon wiene in oantal SDS-kreks net oanwêzich omdat se klaverjasse moasten. Dizze semi-berops klaverjassers (Eeltje, Pytrik, Bram en Gerlof Jan) moasten nei Akkrum om dêr 6 bomen te kaarten. It begie net sa denderend, mar dat lei fansels oan minne maten en it oanpassen oan it niveau. Úteinlik kamen Eeltsje (4e) en Pytrik(3e) mei in pryske thús, Gerlof-Jan mei de auto en Bram mei Charlotte………..

Harsens derby(702)
Tink derom! Hast de fuotten yn de tizen………