Weppers snein 4-3

Tweets
2 maart 2012
Weppers moandei 5-3
4 maart 2012

Pupillen fan de wike
Sneon wiene Ytsen Tamminga en Arjen Schaap, beide fan Turns de pupillen fan de wike. Nei de ôftraap snijden se as it mes troch de bûter troch de ferdigening fan VEV’69 omsylden de mislearre bûtensspulfal en skoarden.
nei ôfrin mochten se fansels op de foto.


Tsjipke Klaas Okkema mei Arjen Schaap


Ytsen Tamminga mei Erik Haitsma

Sjurts VEV ’69
De mannen út de Like wiene juster sa bliid mei de trije punten dat se de hiele wrâld om harren hinne fergeaten. Wat se ek fergeaten wiene de sjurtsjes. In tas fole giele beswitte sjutsjes. Se komme se fêst noch opheljen en oars wit Durk Okkema der wol rie mei. Dy is net sa fan de giele sjurts.

Trainen SDS-froulju
De froulju fan SDS traine moarn om 19.00 ynstee fan 20.00 ûnder lieding fan Bram en Eeltsje.

Tinne tried en wylgen
Froulju fan Da2 hingje de skuon noch net yn de wylgen, ûnderdruk jim teloarstelling want it fuortbestean fan Da2 hinget noch in tinne tried. De kommende wike sil it bestjoer in úterste ynspanning dwaan om te sjen wat der noch mooglik is.
Mei wat gelok soe it sneon best wol troch gean kinne. Dêrom oer letter dizze wike mear. 

Twitter
Sa’t jim sjen kinne stiet op de foarside in Twitter button. At jim dêr op klikke brekt der gjin brân út, mar komme jim op ús twitter bledside. Op dy side kinne jim jim oanmmelde as folger fan de tweets fan SDS en jim sjogge dêr de lêste tweets (berjochten) stean. De kommende moanne sille wij sjen hokker mearwearde Twitter ha kin foar SDS. Mar leau ús: de deistige weppers sille yn alle gefallen troch gean op de wize sa’t jim dit wend binne.
De moaie fryske Twitter button hawwe wij fan
dizze side.
 

Jierdeis
Wij hiene noch twa jierdeis binnen de klup. Freed waard Jacob van Wieren 21 jier en sneon fierde Lourens van der Pol syn 15de jierdei op mei in doelpunt yn C1.

Ljochtmêsten
Sneon, 3 maart, binne de twa ljochtmêsten pleatst op it MUltyfunksjoneel terrein.
Earder yn de wike binne frijwiiligers al dwaande west mei it lizzen fan de kabel nei de mêsten ta.
Sneon wienen ek in kloft frijwilligers dwaande mei de ljochtmêsten en oansluting nei it yntreehokje op De Skoalleseize.
Mei tank oan leanbedriuw Okkema en Harm Faber fan Wommels.
Sjoch foar foto’s en filmkes hjir  

Jeugdlieders-trainers
Kommende tiisdeitejûn is der wer in gearkomst foar lieders en trainers fan jeugdalve-sântallen. It begjint 19.30 oere.

Pieter de Boer
Ut tige betroubere boarne (Pieterrr sels) hawwe wij heard dat Pieter de Boer in diel fan it wedstriidsikrtariaat oernimme sil. Hoe’t it allegear krekt regele wurde sil en wannear it yngiet is noch net bekend.

Harsens derby(702)
“Lóóóóóóóóóóóóóóóóóós!”