Weppers moandei 14-11

Ut- en ferslaggen fan sneon 12-11
11 november 2016
‘Koart ferslach’ SDS-ledengearkomst
14 november 2016

Ferslach SDS-ledengearkomst

It ‘koarte ferslach’ fan de SDS-ledengearkomst fan ôfrûne woansdei kinne jim hjir jûn op de webside lêze.

Oanmelde skiedsrjochterskursus

Beste allen,
Het aantal aanmeldingen voor de cursus verenigingscheidsrechters is top!
Vooral veel jeugdleden hebben zich opgegeven.
Om de balans in het scheidsrechteraanbod goed te houden zoeken we nu nog specifiek naar senioren.

Dus doe je nog geen vrijwilligerswerk voir de club? Kom er bij en meld je aan.
Je leert alles over de spelregels en helpt de club vooruit!!

Grijp je kans en meld je bij Tjerk

tjerkvanderpol@home.nl

Doelpuntenmakkers

Dit wykein koene wij wer in oantal doelpuntenmakkers bijskriuwe yn de list. Jim kinne de nije list hjir sjen en mei ús konstateare dat Tjeerd de Vries lekker dwaande is yn it twadde…

Programma sneon

It meast aktuele programma fan sneon kinne jim altyd fine op de side. Sjoch hjir. At jim sjoen hawwe nei sneon dan falt op dat de senioren allegear frij ha, útsein de VR1. Dat wurdt kommende sneon dan ek it affysje:  SDS VR1 – Scharnegoutum VR1 om 14.30 oere yn Easterein.

Leuneappie-posthumus-popko-wijnia

Earst set Klaas Overal op de Bunnikside  in oantal kreaze banken del, om te sitten;
dan is it wer te kâld om te sitten en wol Appie stean mar wol hij ek graach wat leune. Dus soarge Klaas Overal foar de steantafel, spesjaal foar Appie.

Aktiviteitenkommisje

De aktiviteitenkommisje is ôfrûne tongersdei wer mei syn allen om tafel west om ien en oar te organiseren. Ynkoarten mear hjir oer.
De ‘jeugd’ kin wol fêst de jûn fan freed 16 desimber frij hâlde.

Hoefolle?puzzel

Op ynternet komme je tsjintwurdich allegear yngewikkelde plaatsje sommen tsjin. No binne wij al efkes fan skoalle ôf en binne wij dat net echt wend, mar hjir komme wij wol út.

Dit is gelokkich in maklike fuotbalsom. Wa’t der echt net útkomme kin, dy hoecht ús net te mailen mar kin folle  better  master Philipppus  Hingst efkes freegje nei it antwurd. Sneons is hij te finen op de Skoalleseize, útsein tusken de middei, dan is hij nei hûs te iten.

20 euro

Doe ’t Jelte Hitzert sneon yn de rêst fan SDS 4 – Balk 4 nei de boks ta rûn, kaam syn freondinne Lysbeth neist him rinnen. Sy hie de earste helte sjoen, seach dat SDS 4 mei 3-1 foar stie en joech Jelte €20,- alfêst foar de tredde helte. Jelte fertsjinne dy €20,- eins pas yn de twadde helte mei in goal en in bloednoas. Nei de earste helte hie hy it eins oan Balk jaan moatten foar de 2 eigen goals dy ’t sy makken…….

Alderaardichst

Sneintejûn heard by ‘Padoem Pats’ op Ned. 3:
‘It mei dúdlik wêze wêrom as der winters ek gewoan op keunstgers fuotballe wurde kin…………… It fjild bestiet foar 90 % út winterbannen…..’

Harsens derby (1791)

Miskien moatte wy by SDS ek mar ris in famkessealfuotbalteam begjinne: