‘Koart ferslach’ SDS-ledengearkomst

Weppers moandei 14-11
14 november 2016
SDS-klean te keap!
15 november 2016

Logo vv SDS‘Koart ferslach’ ledengearkomst SDS op woansdei 9 novimber 2016:

-Foar ’t de ledengearkomst offisjeel begie waard der útgebreid stil stien by it ferstjêrren fan ‘lid fan fertsjinste’ Hendrik Boersma.

-Auke-Jetze Kroondijk stie foar de 26e kear efter de bar by in ledengearkomst fan SDS.

-29 lju wienen der op de ledengearkomsy ynklusyf bestjoer.

-Anneke Gaastra mocht foar it earst it jierferslach en de notulen fan de foarige ledengearkomst foarlêze. Sy binne dit kear noch skreaun troch ús foarige skriuwster Gida Heerma.

-Der steane no 49 sponserbuorden rûn it fjild en der binne noch 9 ûnderweis.

-Pep de Boer hat ôfskie nommen fan de PR-kommisje en soe ferfongen wurde troch Karin Sjaarda. Ynstee fan Karin is Hinke Kuiper fanôf augustus 2016 yn de kommisje kommen.

-Robert Schildkamp docht foar de lêste kear it ferslach fan de jeugd as jeugdfoarsitter. Hy lit witte dat Lourens van der Pol yn de jeugdkommisje kommen is. Dêrneist waard der noch socht nei in koördinator foar de JO15. No ‘t Robert stoppet as jeugdfoarsitter wol hy dit wol op him nimme.

-Ôfrûne jier waarden A1 en E1 kampioen en promoveare C1.

-It tal jeugdspilers is iets werom rûn. Der binne 10 minder as ferline jier. Wy hawwe no 20 jeugdteams. 17 jongesteams en 3 famkesteams.

-De SDS-leden geane akkoard mei de gift fan €30.000,- dy ’t SDS dien hat oan de Skoalleseize oangeande de oanlis fan it keunstgersfjild.

-Willem Twijnstra docht foar de lêste kear útlis oer de jildsaken by SDS. De laptop mist him no al in bytsje, want hy liet him aardich yn de steek by de gearkomst. Ûndanks dat hat Willem wer in dúdlik ferhaal.

-De kaskommisjeleden Theo Postma en Herman van der Weg fûnen de boekhâlding fan Baukje de Jong en Willem Twijnstra der op ‘e nij perfekt út sjen. Nei 2 jier kaskommisje moat Theo der út en mei der in nijen yn. Boudewijn Kramer lit witte syn taak wol oernimme te wollen.

-Ferline jier hat der gjin kontribúsjeferheging west. Om ’t de kans grut is dat de subsydsjes werom rinne sille as wy daliks by de Gemeente SWF heare en de akkomodaasjekosten heger wurde sille wurdt der frege om in kontribúsjeferheging fan 2 à 3 persint. De leden geane hjirmei akkoard. Om op moaie rûne bedragen te kommen wurde dan dit de nije jierbedragen:
JO9: wie 60,70, wurdt 62
JO11/JO13: wie 69,90, wurdt 72
JO15: wie 85,80, wurdt 88
JO17/JO19: wie 102, wurdt 104
Senioaren: wie 128,40, wurdt 132
Dit giet yn per maart 2017.

-By de bestjoersferkiezing hiel wat wikselingen:
-Gida Heerma-Kooistra hie al ôfskie naam as skriuwster. Anneke Gaastra hat dit sûnt juny fan har oernaam.
-Robert Schildkamp naam in SDS-klompke yn ûntfangst en naam ôfskie as jeugdfoarsitter. Hy wurdt ferfongen troch Tjerk van der Pol.
-Baukje de Jong krige in SDS-klompke en hat ôfskie nommen as ponghâldster. Har taken binne oernaam troch Henk Postma.
-Willem Twijnstra naam ôfskie as help fan Baukje. Hy hie al in klompke fan SDS en krige no as tank in útgebreid pakket wêr ’t hy tegeare mei de frou noflik fan snobje kin.
-Tina Wiegers hat 4 jier de ledenadministraasje dien. Ek foar har in kreas SDS-klompke. Har taken sille oernommen wurde troch Anco Elgersma.
-Spitich genôch stoppet Pieter Kamstra nei in jier as ‘Technysk Direkteur’ by SDS. De lol is der wat ôf nei wat lijen. Spitich, mar begryplik. Pieter hat in bosk blommen krigen.
Hooplik kinne wy gau in ferfanger fine.

-De Skoalleseize hat net folle nijs. Sy sizze nochris eltsenien tank foar de help by it oanlizzen fan it keunstgersfjild. Folgend jier sille sy op de SDS-ledengearkomst wer in finansjeel oersicht jaan.

-Boudewijn Kramer jout oan dat hy wol wer graach in boerd mei stannen yn de hal hawwe wol. It bestjoer sil dit meinimme en sil besjen op wat foar manier dit it handichst is.

-Tjerk van der Pol jout oan dat hy wol graach wol dat de fuotbalkantine wat opkreaze wurdt. Earder hat der in projektgroep foar west, mar dy is der al net mear. Tjerk jout oan dat it ien fan syn speerpunten wurde sil yn it bestjoer om de kantine op te kreasjen.

-Ynkoarten giet der in skiedsrjochteroplieding los by SDS. Der binne al hiel wat oanmeldingen, mar der kinne noch wol twa ‘senioaren’ by. Wa graach wol kin dit melde by Tjerk.

-Enno Bruinsma is wol nijsgjirrich nei it belied fan SDS oangeande it meispyljen fan spilers fan spilers fan SDS 2 yn SDS 1.
It bestjoer makket nochris dúdlik dat de seleksje fan SDS 1 net hiel breed is, mar dat wy it mei syn allen sjen moatte te rêden dat SDS 1 genôch spilers hat. De trainer hat dus ek de beskikking oer de oare spilers fan SDS. Mocht in spiler dochs wegerje om mei te spyljen dan spilet dy dat wykein net.

-Robert Hoekstra soe graach wolle dat it fjildsje foar de klaaiboksen gau wer tagonklijk wurdt foar de jeugd sadat sy dêr yn harren frije tiid ek fuotbalje kinne. Dit sil meinaam wurde nei de Skoalleseize.

-Marco Hoekstra sei tige wiis de wêzen mei it keunstgersfjild. Dêrneist hopet hy dat mei de útspraak fan it bestjoer oer it seleksjebelied it foar eltsenien dúdlik is.

-De ljochten rûn it keunstgersfjild moatte noch wat bysteld wurde en der is ien stikken. De Skoalleseize sil hjir wat mei dwaan.

-Marco Hoekstra fûn it wol spitich dat it yn de SDS-ledengearkomst hast allinnich mar oer sifers en ferslagen giet en hast net oer it fuotbaljen sels. It bestjoer is dit wol mei him iens en sil it folgend seizoen seker wer op de aginda sette.

-Dirk-Yde Sjaarda wie wol nijsgjirrich nei de aktiviteitenkommisje. Tafallich komme sy de dei nei de ledengearkomst wer byinoar en heare wy ynkoarten mear oer wat sy foar plannen hawwe. Mochten jim ideeën hawwe dan heare wy dat graach!

-Hendrik de Jong hopet op in goeie gearwurking tusken SDS 1 en 2.

-Robert Schildkamp hat noch wat útlis jûn oer de plannen fan de KNVB oangeande it jeugdfuotbal. Yn jannewaris sil de KNVB definityf útslútsel jaan oer hoe ’t it yn de takomst gean sil.

-Robert Schildkamp joech noch efkes oan dat ferskeidene jeugdtrainers by SDS op dit momint dwaande binne mei in KNVB-kursus.

-Om 22.20 oere slút Willem de gearkomst en kin der ûnder it genot fan in hapke en in snapke noch efkes sjoen wurde nei it lêste kertier fan de oefenwedstryd tusken Nederlân en België.