Weppers moandei 4-9

Weppers snein 3-9-2017
3 september 2017
Weppers tiisdei
5 september 2017

Wedstrydprogramma

De hiele wike wurdt der op jûn fuotballe yn Easterein. Sa spilet jûn SDS 13-2 om 19.00 oere tsjin SJO Oudega/HJSC/Heeg. Sjoch foar it hiele programma by ‘De wedstriden’.

Inne is opereard!

Inne Heerma is ôfrûne woansdei yn Grins opereard oan syn knibbel. De operaasje is goed gien. “Se koenen de pees dy’t se normaal foar de foarste krúsbân brûke net brûke, mar doe hawwe sy mar in oaren pakt’; neffens heit Johan. Wy winskje Inne in soad súkses ta mei syn herstel!

SDS 1 traint tiisdei

SDS 1 soe tiisdei oefenje tsjin Foarút 1, mar Foarút 1 hat net genôch spilers. No sil der traind wurde om 19.00 oere y.f.m. in oefenwedstryd fan SDS 2.

SDS 2 oefent tiisdei

SDS 2 oefent tiisdei om 20.00 oere thús tsjin Foarút 2.

Net foar de boksen traine

It is net de bedoeling om op it fjildsje foar de boksen te trainen. As dit fjildsje wat kreas bliuwt dan kin it noch brûkt wurde om yn de drafen foar in wedstryd op keunstgers.

Foto

Juster fregen wy jim om ûntbrekkende spilersfoto’s en alvetalfoto’s nei ús te mailen om op de webside te setten. Marc Hoekstra reagearde lyk en stiet no ek op de webside by JO8-1.

Yndieling trainingstiden

It is altiten wat in gesko mei tiden en fjilden mar it frijwol definitive totaal oersicht fan de trainingstiden kinne jim altyd fine yn it menu bij AGENDA. Dêr is in submenu oanmakke mei Trainingstiden 2017-2018

Harsens derby (1917)

Toet, toet!

Daliks mear!