Weppers sneon 29-8-2026
29 augustus 2026Wer bekerje
Tiisdeitejûn spilet SDS 1 foar de beker thús tsjin Balk. De wedstriid begjint om 20.00 oere yn Easterein.
Balk hat de earste wedstriid tsjin WPB mei 1-0 wûn. SDS wûn mei 3-0 by DWP.
Wy sjogge út nei de seleksje fan SDS 1 foar moarn.
Debút
Boaz Dijkstra hat ôfrûne sneon syn debút makke yn in offisjele wedstriid fan SDS 1. Boaz is dit seizoen krekt oerkaam fan de JO17 nei de JO19.
Spitich genôch hawwe wy gjin foto fan him beskikber.
Debút(2)
Ek Jorn Hiemstra makke sneon syn debút yn in offisjele wedstriid foar SDS 1. Hy mocht op de back spylje en syn broer Niels stie op de oare back.

Unyk
De trainer fan SDS 1, Douwe Posthuma, wie sneon net allinnich bliid mei de oerwinning mar ek dat Anton Holtrop fan DWP net ta skoren kaam tsjin SDS. Holtrop hat yn syn karriëre al 261 doelpunten makke. It meast makke hy tsjin SDS. Mar leafst 19 stiks.
De nije SDS-League
De Eredivisie is alwer fan start gien, dus de nije SDS-League stiet der wer oan te kommen. Om ’t de transfermerke noch iepen is oant en mei woansdei begjinne wy op sneon 12 septimber mei de nije SDS-League. As it mei sit dan hawwe wy de dielnameformulieren foar it wykein al klear..

Harsens derby (2410)
Polletje…………….
This goal was scored in the Croatian League 🇭🇷
You’d be absolutely fuming wouldn’t you 😭😭😭 pic.twitter.com/O9LlZrjZHn
— The Extreme Football Enthusiast (@ExtremeFootbal4) August 31, 2026
Letter miskien wol mear!


