Weppers moandei 31-8

Utslagen 29-8
30 augustus 2015
Weppers tiisdei 1-9
31 augustus 2015

Parseberjocht SDS E3
Woansdei 2 septimber sille de jonges fan SDS E3, yn it kader fan tarieding op it nije foutbalseizoen, in oefenwedstriid spylje tsjin harren memmen. Dit spektakel sil barre yn de Arena fan Itens en begjint om 18:30. 
Eltsenien is wolkom!!
Tiede

Better op ‘e fyts
Der wurdt de kommende wike wurke oan de dyk fan Wommels nei Easterein. Je kinne hjir net mei de auto by del. Dat betsjut dat je better op de fyts kinne. Hooplik is it kommende sneon klear.
Ek by Rien leit de dyk derút……

Knap!
It mei dúdlik wêze dat de froulju fan SDS Vr. 1 it hiel knap dien hawwe yn de beker:
Permalink voor ingesloten afbeelding

Bûtenkant links
Stefan van Krimpen hat in skoftke net fuotballe en moat op ‘e nij in bult lere. Sneon krige hy yn de rust te hearen; “Stefan do kinst better de bal net mei bûtenkant links skoppe”. Linksachter Stefan begreep der neat mear fan; “Wêrom stean ik dan bûtenkant links?”

Seal
De sealfuotballers fan SDS 1 meie dizze wike foar it earst wer los. Sy spylje woansdeitejûn om 20.30 oere thús tsjin Oeverzwaluwen 2.

SDS-look-a-likes (5)
Yn eltse edysje fan de Treffer treffe jim ien fan ús favorite rubriken; de SDS-Look-a-like. De hiele simmer koenen jim de look-a-likes fan de Treffers út de ôfrûne 1 1/2 jier besjen. Hjoed it lêste diel; diel 5:


Harsens derby (1586)
Marten Faber keepte by SDS 2 ôfrûne sneon in knappe pot tsjin VVI 2. Dit die Marten sneon ek: