Weppers tiisdei 1-9

Weppers moandei 31-8
31 augustus 2015
SDS C3
1 september 2015

SDS 2
SDS 2 spilet tiisdei om 18.45 oere de tredde bekerwedstriid.
De spilers moatte harren om 18.00 oere yn de boks melde en dan wurdt de basis alve bekend makke út dizze seleksje:
Marten. Stephan, Bote, Hendrik, Jesse, Jurjen E, Pieter W, Ralph, Allert, Feite, Elger, Ruurd, Jurjen L en Erik.

Kantine
De kantine is jûn gewoan iepen mei tank oan Pieter Sybesma dy ’t efter de bar stiet.

Redmer
Dit is Redmer, soan fan Akke-Rixt en Pieter. Berne op snein 30 augustus en alles is best. Wij lokwinskje de grutske heit en mem fan herte en fansels Pieter ek noch mei syn jierdei….op deselde dei.

VR1 en VR2
Nei de bekerwedstriden binne de Vr1 en Vr2 gearstald. Jim kinne se sjen ûnder
dit kopke.

B1
Wij hawwe dizze wike noch in wedstriid op jûn stean. SDS B1 moat tongersdeitejûn nei Skearnegoutum om om 19.00 oere tsjin de pleatselike B’s te spilen. Ek dit is ek in wedstriid.

Better op ‘e fyts
Der wurdt de kommende wike wurke oan de dyk fan Wommels nei Easterein. Je kinne hjir net mei de auto by del. Dat betsjut dat je better op de fyts nei Easterein kinne. Hooplik is it kommende sneon klear.
Ek by Rien leit de dyk derút…… En by de Klieuw binne se drok dwaande..

Keunstgers bol
Ek keunstgers is gjin garansje dat it fuotbaljen trochgiet as it in bult reind hat. Yn Warkum stiet it fjild bol fan it wetter en kin der net traind wurd……..
Permalink voor ingesloten afbeelding

Harsens derby (1587)
Sa sjogge de “SDS-pupillen fan de wike” meastentiids as sy foar in wedstryd fan SDS 1 neist Tsjipke Okkema stean: