Weppers moandei 31-3

Weppers snein 30-3
29 maart 2008
TRS al aardich kompleet
1 april 2008

Gearfetting
Mochten je benijd wêze nei de bylden fan de wedstryd fan ôfrûne sneon tusken WPB 1 e n SDS 1 dan moatte je hjir wêze. Fan J. Beetsma krigen wy yn 3 filmkes alle hichtepunten fan dizze wedstryd. Sjoch hjir, hjir en hjir.

Skieds
By 2 wedstriden yn it amateurfuotbal drukte de skiedsrjochter neffens de ferslagen in flinke stempel op de wedstryd. Sjoch hjir foar it ferslach op de side fan WPB oer WPB – SDS en hjir foar it ferslach fan Nijland – Delfstrahúzen en sykje de ferskillen. 

Mol
Op it sportpark yn Easterein hiene se lêst fan mollen. Dan is der mar ien man dy’t dat oplosse kin: Stoffel.
Sneontemiddei seach hij efkes yn de klem en jawol de mol sit er yn. Stoffel wol dan fansels wol oan de fjildfeinten sjen litte dat hij de mol te pakken hat. Dêrom lei er it moltsje efkes
op de kontainer del. Fuort dêrnei kaam de A1 jeugd fan ONS út de boks en ien fan de jonges woe wat yn de kontainer smite. Alhiel ferbaasd siet hij te sjen, seach om him hinne en rûn doe dochs mar nei in oare kontainer.

Doelpunten
Twa senioreteams it fjild yn en 7 doelpunten foar en 0 tsjin. It
doelpuntenklassemint is wer bijwurke.

Bijtekene

It is goed om te melden dat Daan Boersma foar in jier bijtekene hat as assistent skiedsrjochter bij SDS 5. Op de fraach oan Daan at it kontrakt troch oaren ek noch ôf te keapjen is, wie it antwurd nee.

Old Boys – Waihopai
No de fuotbalwedstriid sit derop, it is alwer snein en myn fuotten fiele net hielendal top. Ik miende dat ik klear wie foar in wedstriid, mar miskien wie drekt de hiele 90 minuten krekt wat te folle fan it goede. Mar ik mei net klaaie, want it gong best goed. We ha mei 2-0 wun én ik ha scoort. Derby wie it ek noch in goal dy’t seker yn myn eigen top-3 stiet.
 
Ik begong de wedstriid dus as spits. Nei in kertierke kamen we op foarsprong, wernei ik sa’n 10 minuten letter de 2-0 oantekenje liet; in lob oer de utkommende keeper. Dernei kryg ik noch in pear lytse kanskes, werunder in frije traap djip yn de twadde helte dy’t de keeper knap ut’e goal tikte. Doe spiele ik as centrale middenfielder.
De leste 10 minuten fan de wedstriid kaam ik noch amper foarut. Die allinich it needsakelike, mar we koenen gelokkich de foarsprong festhalde en dermei in ‘clean sheet’.
 
Ik soe sizze les dit bericht oer de wedstriid fan juster. Se wiene aardich positief oer myn optreden. Derneist ferskynt der moarn ek noch in stik in de krante. Gebeurt net eltse dei om yn de krante te kommen, seker net yn NZ! Wol leuk fansels!
Groetnis DYS

Wêr is Sjoerd?
Ferline wike gie SDS 5 te wokken sûnder fêste skiedsrjochter Sjoerd Postma. Sneon stiene twa alvetallen klear om te begjinnen wachtsjend op de skeids. Sjoerd kaam net en Stoffel naam it oer. Mar de fraach wie wol: wêr wie Sjoerd?

Reklameboerden
Freed binne wer in oantal frijwilligers ûnder lieding fan Ype Tiemersma dwaande west mei de reklameboerden. Ien lange en ien koarte side binne no hielendal beset.

Ferslach
Zaterdag 29 maart,  Leeuwarden E3 – SDS E3
We moesten deze keer naar Leeuwarden toe, Leeuwarden had nog geen punt gepakt dus we dachten dat het een makkie was. De wedstrijd begon, Leeuwarden scoorde al vroeg de 1-0. Even later scoorde ze de 2-0. We spelen een slechte eerste helft, want het wordt alweer 3-0. Net voor rust gingen we goed spelen, ik scoorde uit een voorzet van Frank de 3-1. De tweede helft begint, Jorrit Veldman scoort al best vroeg in de tweede helft. De 3-2 is binnen. Daarna scoort jammer genoeg Leeuwarden de 4-2 en daarna geeft Jorrit Hofstra de bal voor aan mij en ik dribbel verder, scoor de 4-3 en daarna al vlug geeft Frank de bal aan mij en scoorde de 4-4. En toen werd het spannend, 4-4 beide ploegen kregen veel kansen op de     5-4 en ja hoor Andries paast de bal naar mij en ik dribbel naar het doel ik schiet hem tegen de keeper aan maar hij laat hem los dus scoorde ik de 4-5. En toen werden ze boos. Ze schoten op doel maar onze super keeper houdt hem en onze verdediging deed het goed hoor, want ze hadden het moeilijk. Het fluitje gaat en de eindstand is 4-5 gewonnenJ. We winnen met een middelmatige wedstrijd.
Groetjes Watze Jacob van der Wal

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe se hast kompleet!
Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!


Hakkie(1)
Alex Ferguson fergelike it ôfrûne wykein Cristiano Ronaldo mei Diego Maradona. Dit giet ús fiersten te fier, mar wy binne it der wol oer iens dat Cristiano Ronaldo dit wykein in beste goal makke: