Weppers moandei 30-11

Weppers snein 29-11
28 november 2009
SDS League: Kees pakt alwer wykpriis!
1 december 2009

Moandeitejûn sealfuotbaljûn
De KNVB hie in ferrassing foar SDS 1 yn petto troch de wedstryd tsjin Old Forward op moandei 29 maart te ferskowen nei moandei 30 novimber. Dit betekent dat SDS 1 dus jûn om 21.00 yn Vledder fuotbalje mei. Dat dit de SDS’ers goed past kinne wy net sizze. Jaap(hamstring), Peter(ljisk) en Tsjipke binne blesseard en Ruurd en Willem(wurkje) kinne ek net. Lokkich genôch wienen Jan-Simon en Anne ree om by te springen en sil SDS fierder útkomme mei Freek, Feite en Tseard.

Sealtraine
Fannemiddei sille de SDS-skoalfamkes yn de seal traine fan 17.00 oan ’t 18.00. Sjoch
hjir foar de rest fan it sealtrainskema.

Midwintercup 2010
Hjoed is de lotting fan de lêste Midwintercup. Moarn kinne jim hjir it rissultaat besjen. Der dogge dit jier 156 teams mei. Foar SDS dogge SDS 1(fjild), SDS 1 (seal) en de SDS-froulju mei.

40 jier yn de lange hier

Sneon 28 novimber seagen wij op de Hofkamp yn Wommels in grut boerd mei 40 jier stean. Wij seagen efkes yn it digitale archyf fan de LC en kamen dit tsjin yn 1969. De hertlike lokwinsken foar ien fan de Treffer rûnbringers yn Wommels en âld lid.


Lotting krystsealtoernoaien jeugd
SDS A1, B1, B2 en C1 dogge allegear mei oan it KNVB-krystsealtoernoai. De winners meie op 2 jannewaris yn de Trije yn Frjentsjer útmeitsje welke teams der it beste sealfuotballe kinne. Sjoch
hjir foar de lotting.

Krysttoernoai Frjentsjer
Dit jier binne der 2 teams mei SDS’ers dy ’t meidogge oan it krysttoernoai fan Frjentsjer. Net allinnich docht SDS mei, mar ek Hanzedruk Bolsward. Hjiryn spylje û.o. Jildert Hylkema, Wytze Lanting, Martin Rienstra en Sytze Kooistra. Ek André Bons (SDS seal 2) docht mei by in ploegje. De ôfrûne wike is der lotte foar it krysttoernoai. sjoch
hjir foar it rissultaat. It toernoai is op sneon 19 desimber (foarrondes) en 2e Krystdei (2e helte foarrondes en finales).

SDS League
Foarige wike wienen wy wat let mei de nijste stân fan de SDS League. Dizze wike woenen wy mar wat earder wêze. Fansels binne wy ek hiel benijd hoe ’t it no is no ’t Pantelic(AJA) trije kear skoord hat. Sytze Hibma en Kees Adema sille hielendal wol benijd wêze. Moarn kinne sy de nije stân hjir besjen.

Harsens derby (90)
De keeper fan Fenerbahce, Volkan Demirel, is net hielendal skerp oan de wedstryd tsjin Kimpasa begûn: