Weppers snein 29-11

Sneon 28-11
27 november 2009
Weppers moandei 30-11
29 november 2009

SDS 1 wint
SDS 1 hat sneontemiddei fan WPB wûn mei 1-5. Wij krigen it soareferrin troch fan Tsjalling.
1-0
1-1 Mark Postma
1-2 Dirk Yde Sjaarda
1-3 Tsjalling Sikma
1-4 Tsjalling Sikma
1-5 Skelte Anema

Hij kraaide as in ……

Dooitze makket him klear om Anne B ûnder hannen te nimmen. Op dit stuit is de 1e seleksje reedlik fit en hat Dooitze hast neat te dwaan.
Mar omdat Anne him tiidens it biljerten ôfrûne freed ferstapte(!!!)  kin hy toch syn massaazjekeunsten sjen litte.
It is  mar goed dat der gjin filmkes mei gelûd makke binne, want Anne kraaide it út doe Dooitze syn earmtakke yn de kût fan Anne sette. Wij tinke dat Anne foarlopich net wer op de tafel komme sil….

Moai waar

Sa it sjen wie it sneontemiddei moai fuotbalwaar yn Snits. De seleksje fan SDS 1 draait waarm yn it sintsje mei de reinbôge op de eftergrûn.

Utslaggen
At wij nei it programma fan juster sjogge, dan liket it der op dat der wol wat troch gie. Wij binne yn dat gefal benijd nei de útslaggen.
Volgens mijn info, van de knvb-site geplukt, heeft D3 met 15-0 verloren van Franeker D3. 
E2 kreeg met 8 – 1 aan de broek van Sneek E6. 
Groet Tjerk

Blues
Juster wie Jan Smit mei wat flinters yn Easterein. Hjoed is der muzyk:
The Steve Sand Band. Om 16.00 oere.

Harsens derby (89)
Yn Italië wurde hurde ferdigeners net makke, mar sa berne. Sjoch hjir Seedorf yn aksje tsjin Maldini junior. Hy hat wol wat fan Gerhard Hiemstra fan Auke Buck: