SDS League: Kees pakt alwer wykpriis!

Weppers moandei 30-11
29 november 2009
Weppers tiisdei 1-12
1 december 2009

It koe ek hast net misse. “Keessie Kwakman” fan Kees Adema pakt foar de 3e kear yn 4 wiken de wykpriis. Syn 3 troeven Pantelic(AJA), Elm(HEE) en Vlaar(FEY) skoorden alle trije. Hie Elm syn penalty ek noch makke dan hie Kees sels noch 8 punten mear hân. No moat hy it dwaan mei “mar” 65 punten. Hy giet dêrmei fan it 14e nei it 3e plak.

Sûnt Sollied fuort is by SC Heerenveen giet it fansels stikken better mei “Alles op Elyounoussi” fan Paul Reitsma. It giet sels sa goed dat hy dizze wike de kopposysje oernimt fan “Op naar de Top” fan Marten Faber. Marten rjochtet him dúdlik mear op it keepen by SDS 1, want hy pakte dizze wike mar 30 punten. Wol stiet hy noch twadde.

Des te better it giet mei de fuotbalkarriëre fan Bram van Beem des te minder giet it mei syn “Popov 4-ever”. Hy sakket dizze wike fan 7 nei 14. Of soe it te meitsjen hawwe mei de belangstelling fan Middlesbrough foar Popov?

Eeltsje en Hjalmar hawwe beide in minne wike. Beiden sakje in ein yn de stân. eeltsje is úteinlik dochs de winner fan ‘e wike, want hy rint dochs wer 2 punten út.

Eeltsje rint 2 “fleskes” út.

FC Supermario fan Doede Rients Okkema stiet noch altiten stiif lêst.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 10.