Weppers moandei 29-1-2018

Sneon 27-1-2018
26 januari 2018
Weppers tiisdei 30-1-2018
30 januari 2018

Goals opromje!

Graach alle jûnen nei de lêste training de goals fan it fjild ride!
It is sa dat elke dei nei de lêste training ALLE goals fan ’t fjild moatte, troch de grutte poort yn de hoeke, net oer de stekken tille, ek de lytse goals net. Der bliuwe no alle dagen goals stean en dêr hawwe de frijwillers dy ’t de fjilden ûnderhâlde in soad lêst fan.
Graach de goals yn de hoeke by it opberchhok fan de KF op de tegels dy ’t dêrfoar bestimd binne.
De Skoalleseize is dwaande om in gruttere doar yn it stek te meitsjen sadat it yn de takomst wat makkelijker gean sil.

Sa moat it net dus……….

Net efter de sporthal traine

Om ’t it noch altiten sa wiet is kin der efter de sporthal net traind wurde. Wy melde hjir op de webside wannear as dit wol wer kin.

In nije fersoarger?

Us fysioterapeut yn oplieding Foeke Reitsma hat oanjûn dat hy nei dit seizoen stoppet as fersoarger by SDS 1. Hy kin syn stúdsje folgend seizoen net mear kombinere mei syn wurksumheden by SDS. Dat is tige spitich fansels en dat betsjut dat wy op syk moatte nei in oare fersoarger. Ynkoarten sil hjir op de webside in fakatuere stean, mar miskien kinne jim ús alfêst helpe. Mochten jim in mooglike kandidaat witte lit it dan efkes witte fia info@vv-sds.nl of stjit ien fan it bestjoer efkes oan.

De nije kompetysje-yndielingen

De nije kompetysje-yndielingen steane ynmiddels op Voetbal.nl. Wy sille sjen as wy se hjir ynkoarten ek op de webside krije kinne.

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 om 14.30 oere

Kommende sneon spilet SDS 1 dan syn earste offisjele wedstryd fan 208. De wedstryd begjint dizze kear ‘gewoan’ om 14.30 oere.

Oefenje

SDS 2 oefent sneon om 17.00 oere thús tsjin Heeg 2.

Bekerje

Sawol de JO15-1, de JO15-2 as de JO15-3 moat sneon thús bekerje. SDS JO15-1 spilet om 10.30 oere tsjin SJO Oudega/HJSC/Heeg JO15-3, SDS JO15-2 om 8.45 oere tsjin sc Bolsward JO15-2 en SDS/Nijland JO15-3 om 12.00 oere de derby tsjin vv Oosterlittens JO15-1.

Bekerje (2)

SDS Vr.1 mei sneon ek bekerje. Sy meie de polder yn om dêr om 12.30 oere tsjin SVM te fuotbaljen yn Marknesse.

De nije SDS-League

Noch oan’t en mei woansdei en dan sit de transferperioade der wer op. Dat betsjut dat wy dêrnei los kinne mei it meitsjen fan de teams foar de nije SDS-League. As it mei sit dan binne tongersdei de nije ynskriuwformulieren klear en dan hawwe jim noch oant sneon 10 febrewaris 19.00 oere om se yn te leverjen. Dat moat slagje tochten wy sa!

Hattrick!

Mario Hermoso fan Espanyol hat it wykein tocht fan ‘wat Pieter de Vries by SDS seal 1 kin, dat kin ik ek!’ Hermoso skoorde by Leganes – Espanyol namelijk it wykein lykas Pieter ôfrûne woansdei in hattrick. Ien yn de goeie goal en twa…………..yn de ferkearde………. Espanyol ferlear úteinlik mei 3-2……..

Easterein Rocks nijs!!

Op snein 4 febrewaris organisearje wy in muzykbingo yn Noflik Easterein!
De gesellige desimbermoanne leit wer efter ús, lykas in treasteleaze wiete jannewarismoanne. Dêrom heech tiid foar in gesellige muzikale middei. Snein 4 febrewaris is it safier. De muzykbingo fan Easterein Rocks yn de seal fan Noflik. We begjinne om 15.30 oere mei de ynrin en 16.00 oere gean we los. In dei mei muzykfragminten, filmkes, rebussen en noch folle mear. En fansels binne hjir moaie prizen mei te winnen! Tusken alles troch hawwe wy muzyk fan ‘Duo It takes two’. Bingokaarten koste 2 euro en do spilest dyn eigen spul, dus net yn groepsferbân.
Let op!!! In falske bingo betsjut ferske sjonge;)
Opjefte is net nedich! Wy sjoch jimme wol ferskinen!!

Grtz it bestjoer fan Easterein rocks!

Harsens derby (1977)

Mei sa ’n grutte goal yn de seal kinne wy it ek………..