SDS 1 oefene sneon yn Seisbierrum tsjin AVC 1. Einstân 2-0. Lokkich is der in gelegenheid om revâns te nimmen. Op 16 septimber stean de ploegen wer tsjinoer elkoar yn de bekerstriid.
Tongersdei om 20.00 oere begjint de training foar JO 17-3. Graach de mobyl efkes meinimme sadat der in WhatApp groep oanmakke wurde kin…..
It is ek yn Ingelân noch mar krekt oan de gong, mar de earste SDS-ers wiene al wer bij in wedstriid. Friso en Jeanet Albada wiene mei de twa dochters op Old Trafford mei Manchester United- Leicester City. Einstân 2-0
De measte lieders en trainers fan de jeugdalvetallen binne no bekend en steane no ek op de side bij de alvetallenbledside. Ek de trainingstiden en de trainingslokaasje stiet er no bij.
Der wurdt fan alles ûndersocht tsjinwurdich en omsetten yn statistiken. Lykas de kleur fan de sjurts. Bij SDS is dat yn prinsipe noch altiten gewoan effen wyt. 9% fan de klups yn Nederlan hawwe dat ek. Sjoch hjir.
Dat is pas útferdedigjen!