Doelpunt ?
Jim wiene krekt as ús juster net te brûken nei it fermiende doelpunt fan Ingelân. It like dochs dúdlik dat de bal siet. Mar de bylden bewize hiel wat oars. Sjoch hjir.
Nederlân – Slowakije
Fannemiddei om 16.00 is it fuotbaljen tusken Nederlân en Slowakije wer op allerhande plakken te sjen. Wy kondigden al oan dat it te sjen is yn it swimbad yn Wommels en yn de Jimbar. Wy kinne no ek melde dat it skerm yn de kantine fan de Skoalleseize ek oan is en dat eltsenien dêr ek wolkom is.
Dútslân!
Wa ’t juster it filmke fan de Octopus hjir op de webside sjoen hat wist fansels al dat Dútslân “gewoan” winne soe fan Ingelân:
WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.
Harsens derby (243)
It is miskien wol handich as der in ynzoom-funksje op de kamera sit. Oars moat je mar wat tichterby filmje:
Letter miskien mear!