Weppers moandei 28-5-2018

Sneon 26-5-2018
25 mei 2018
Slagge slotmiddei SDS-jeugd
29 mei 2018

SDS 1

It is altiten tige dreech om in teamfoto te krijen wêr as de hiele seleksje op stiet. By de lêste wedstriid fan it seizoen soe it by SDS 1 nochris wurde. En no stiet elkenien der op…… Hast elkenien.

In blomke!

Sa op it ein fan it seizoen binne der lju dy’t der mei stopje en in blomke fertsjinje. By de senioaren stoppet Jacomien as lieder by Vr.1, Boudewijn Kramer as trainer fan SDS 2, Jan-Bauke as flagger fan SDS 1, Foeke Reitsma as fersoarger by SDS 1 en de Hoekstra’s by SDS 1 as trainer en lieder.
Allegear tige by tige!

Noch in blomke!

Willem Overal hat earder al ôfskie nommen as lid fan de jeugdkommisje fan SDS en waard op de slotmiddei fan de jeugd noch efkes yn it sintsje setten. Tige by tige!

Waarm!

Wat wie it sneon dochs warm om te fuotbaljen. De supporters fan SDS hienen it sa min net.

Streekderby

Takem jier fêst in moaie streekderby der bij. De klup fan (âld) SDS-ers  trainer Remco Bervoets en Wytze Lanting waard kampioen yn 4B. Bij Scharnegoutum hiene se neat oan it tafal oerlitten en help ynropt fan in bijsûndere kampioenmakker. Sjoch hjir

Neikompetysjes

Der binne yn de kompetysje trije klups dy’t stride om in plakje yn de tredde klasse. Sjoch hjir foar  de earste tsjinstanners en der binne twa ploegen dy’t troch ûnderyn te einigjen noch stride om der ien te bliuwen. Sjoch hjir

Foto’s slotmiddei

Moarn komme de foto’s fan de winners fan slotmiddei/jûn foar de jeugd op de side.

It rint nei de ein

Noch 7 thúswedstriden en 5 útwedstriden steane op it programma foar dit seizoen fan alle teams fan SDS. De earste twa binne tiisdeitejûn yn Easterein. SDS JO15-1 om 19.00 oere en SDS 4 om 20.30 oere.

Harsens derby (2028)

Bam!