Útslagen sneon 25-2

Weppers freed 24-2
24 februari 2012
Weppers moandei 27-2
27 februari 2012

In útklaaid ynhel programma hjoed, want de A’s en B’s binne al ôflast troch te min spilers bij tsjinstanners.

It is prachtich waar, de fjilden binne droech, dus wy kinne wer los. André hat grien ljocht jûn:
Vandaag(25-2) gaan we de wei weer in
groetjes, Andre

    Utslach
10:15 SDS C1 – AVC C1  5-1
12:30 SDS 4 – Joure SC 7  5-2
14:00 SDS 2 – Blauw Wit ’34 2  1-4
14:30 SDS 3 – Joure SC 3  6-1
14:30 Be Quick D 1 – SDS 1  0-0
14:30 Ouwe Syl 3 – SDS 5  0-6

Live-ferslach Be Quick Dokkum 1 – SDS 1
Fan Lammert Brouwer krigen wy it folgende troch:
Komende zaterdag doen wij (RTVNOF) rechtstreeks verslag van de competitiewedstrijd tussen Be Quick en SDS. Via onze lifestream zijn wij voor geïnteresseerden van jullie vereniging rechtstreeks te volgen op Internet. Bezoek daarvoor onze website www.rtvnof.nl
en kies daar de optie: luister live (rechtsboven).
mvg
Lammert Brouwer. (Verslaggever RTVNOF)

Be Quick Dokkum 1 – SDS 1
SDS 1 spile fannemiddei mei 0-0 lyk yn Dokkum tsjin reade lantearndrager Be Quick. Wy binne benijd nei it ferslach.

SDS 2 – Blauw Wit 2   1-4
De rêststân wie 1-1 troch in doelpunt fan Robert Sijbesma. Nei de 1-2 besocht SDS  it noch wol mar twa kounters soargen foar in flattearde einstân.

SDS 3 – sc Joure 3 6-1
SDS 3 is de twadde helte fan de kompetysje goed begûn troch mei 6-1 te winnen fan SC Joure 3. Wy binne noch wol benijd nei de doelpuntenmakkers.

SDS 4 – sc Joure  7 5-2
In klinkende oerwinning en allegear tefreden gesichten nei ôfrin. De meast tefreden gesichten wiene fan Bram van Beem, Eeltje Postma, Pytrik Hiemstra, Andries Lanting en Jan Mulder. Sij wiene nammentlik de doelpuntenmakkers.

Ouwe Syl 3 – SDS 5 0-6
SDS 5 giet yn 2012 troch mei wêr ’t sy yn 2011 mei eindige binne; winne. hjoed wûnen sy mei 6-0 by Ouwe Syl. Wy ferwachtsje noch in ferslach. 

SDS C1 – AVC C1 5-1
Wat een eerste helft! Getergd tot op het bot na het 9 – 3 verlies tegen de koploper in Sexbierum vlak voor de winterstop, stoven de zwartbroeken met oranje streepje, het veld over. De uitgedachte tactiek van de coaches: andere mid-mid (Gerwin) en eerst wind mee, pakte perfect uit. Mooie combinaties, fel verdedigen en knappe goals van Piter(2), Almar(2) en Pieter zorgden voor een onverwachte ruststand 5 – 0! Goalie Gert – Jan ondersteund door het ijzersterke verdedigingsduo Wiebe en Jan Fokko, hield ons een paar keer goed in de wedstrijd.
Na rust bleek duidelijk dat er veel kruid verschoten was en zakten we wat in. De vrije man werd niet meer gevonden en de vleugelaanvallers van de tegenstander werden gevaarlijker. Dit resulteerde in een tegengoal, maar dat mocht de pret niet drukken, de eerste winst in 2012 is binnen. Bijkomend voordeel is dat de competitie weer spannend is! Op doelsaldo staan we achter, maar AVC komt nog een keer langs in Easterein voor de absolute kraker in deze ‘Schotse competitie.’ Dank gaat uit naar de jeugdcommissie die ons in staat stelde om de winter door te trainen in Sneek, hulde! 
Tjerk  

Tsjom 1 Da – SDS Da ..
Juster mochten wy op it (ienige) fuotbalfjild fan Tsjom oantrede foar in oefenwedstriid. DA1 hat wol faker tsjin Tsjom spile en út al dy wedstryden gie SDS mei de punten nei hús. Ús team wie net kompleet, lokkich wiene in oantal dames fan DA2 ek ta oan wat wedstriidsgefoel en sa stiene we mei 14 dames yn ’t sintsje klear. Ús fertrouwde keepster wie der dit kear net. Dus ha Rianne en Okkie har posysje oernaam, tagelyk mocht net.. dus stiene sy elk in helte yn it doel. Eltsenien moast wer efkes yn it ritme komme nei nul, ien as twa kear trainen. Mar al snel kaam it balgefoel wer nei boppe en begon SDS sterk. In oantal kânsen fanút Manon, Tessa en Joutsen. Manon hie noch in prachtige solo-aksje, werby se 3 froulju útskeakele mar dernei fanachter ûnderút helle waard. Mar de skeids hie gjin kaarten yn syn bûske, dus belâne de spylster foar 5 min. op’e bank. Spitichgenôch woe de bal der mar net yn, wylst wy de earste helte sterker wiene. Tsjom hie in sterk bakje thee neffens ús, want sy kamen wat better yn ‘e wedstriid de twadde helte. De spits fan Tsjom wie net alinne snel, mar hie ek in goed skot. Hjirtoch wist sy 2 kear it net te reitsjen. Al mei al in leuk potsje mei 2-0 as eindstân.
De froulju.