Weppers moandei 26-10

SDS League: Paul Reitsma pakt wykpriis!
26 oktober 2009
Weppers tiisdei 27-10
26 oktober 2009

C1 op de foto
Sneon foar de wedstryd tsjin Da2 wie der noch krekt efkes tiid foar in alvetalfoto. Sjoch
hjir

Moai betocht
Se hiene it allegear sa moai betocht. Jappie en Klaas. It paad of terras bij Jappie moast op nij betegele wurde en Klaas koe dat moai efkes dwaan om de frije sneon fan SDS 5 dwaan yn oktober. Mar SDS hat gjin frije sneonen mear. Klaas stie sneon net op it doel en Jappie stie net yn de spits en dus wie it Harm Auke dy’t foar de doelpunten soargje moast. Hij die dat sneon trije kear wêrfan nota bene ien kear mei de kop, krekt de spesjaliteit fan Jappie.

Pechfûgel (1)
Nei safolle wiken gjin fuotbal is it fansels de fraach hoe’t it der foar stiet mei de spieren. Bij Piet Kempe fan SDS 5 net goed dus. Al nei twa minuten koe Piet gjin poat mear fersette. In soarte mei swypslach yn it kût.

Pechfûgel (2)
Bij SDS 5 sieten se krekt yn de klaaikeamer nei ôfrin fan de wedstryd tsjin Ouwesyl, doe’t betocht waard om in alvetalfoto te meitsjen. Sommigen moasten sich wer yn it sjurt heise en it stel stelde sich op foar de kantine. Ien man stiet net op de foto: Bertus Bootsma, de snelste brûzer fan SDS 5. At de measten noch oan it útpûsten binne, is hij al oan in skjinbjinnen.

Doelpuntenmakkers
79 doelpunten binne der troch de hearen makke yn de kompetysje. 14 troch de froulju. Wa en hoefolle dat kinne jim
hjir sjen.

Súnich
Beste leiders en trainers, 
Nu er weer iets meer regen valt, dan een paar spetters is het aan alle leiders en trainers de eigen verantwoordelijkheid om er op toe te zien of er wel getraind kan worden. Laten we zuinig zijn op de trainingsvelden zodat we er lag plezier van kunnen houden. Ook na iedere training even de goals van de velden af halen zodat de onderhoudsploeg er makkelijker bij kan. 
Alvast bedankt voor de medewerking,
Andre Christiaan Vink

Harsens derby (77)
Je reitsje der hast oan went, mar it bliuwt dochs wol út de kuenst as je fan dizze ôfstân skore: