Sneon 24-10-2020
25 oktober 2020SDS-League: “De Flierefluiters” pakt de wykpriis!
26 oktober 2020Keepersklinik
Hjoed organisearet SDS in keepers-klinik foar de jeugd fan SDS en vv Nijland fan 8 oant en mei 16 jier.
De keepersclinic begjint om 18 oere. As elkenien der is om 17.45 oere dan kinne we moai de hiele jûn meipikke!
De mannen fan keeperskoalle Etienne Stomp sille tegearre mei Marjo Groothof, keepster fan Vr.1 en Mark Klijnsma, seleksje-keeper fan SDS 1, sa’n 15 keepers fan SDS en Nylân de fyne kneepkes fan it keepersfak bybringe.
Fansels koronaproof neffens de ôfspraken.
SDS-League
Elkenien freget him harren fansels ôf as der ek ien yn de SDS-League is dy ’t Traoré fan Ajax opsteld hat. Mei 5 goals en 3 assists pakt hy mar leafst 29 punten……… Jûn kinne jim it sjen as wy mei de nijste stân fan de SDS-League komme. 😉
Traine?
De jeugd traint noch altiten folop binnen de Koronarigels. De senioaren lizze noch efkes stil. Dizze wike wurdt besjoen as SDS 1 miskien wer stadich oan begjinne sil mei trainen yn groepkes fan 4 op oardel meter ôfstân.
Beren
By sc Heerenveen sieten der sneon mar leafst 15.000 beren op de tribune. Neffens Cambuur-supporter Harm-Auke Dijkstra makken dy likefolle lûd as de Heerenveen-supporters oars……….
Ynmiddels binne alle 15.000-beren ferkocht foar KiKa.
Harsens derby (2265)
Efkes in ‘net-sjen-korner’ nimme………
Bobby Firmino would be proud of this corner! 🙌🔥
(🎥 @11cino) #SundayLeague pic.twitter.com/EnHx3ZOYjV— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) October 21, 2020