Weppers moandei 25-7

SDS-bekerprogramma
24 juli 2011
Weppers woansdei 27-7
27 juli 2011

South-Park SDS’ers(20)
Eltse dei krije wy noch nije South-Park-SDS’ers binnen en dêr binne wy tige wiis mei. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der hjir alles oer lêze.
Bauke Dijkstra makke foar ús in jaaiende Stoffel Bouma:


Tweets
It fuotbal bij SDS stiet no noch wat op in leech pitsje. Utsein it WK en de earste trainingen fan inkele jeugdalvetallen is it rêstich.  Wij sjogge dan efkes yn ús twitterboks en komme altyd wol wat aardichs tsjin.

Gerrit

Hij wennet noch mar krekt yn Wommels en giet no al ledenkeatsen.

Cambuur

Om al it leaf en lijen fan wer in jier Cambuur mei te meitsjen is it wol moai dat de post de kaart op tiid bringt.

Jongfeintepartij
Woansdei is de
Jongfeintepartij yn Easterein. Sa’t wij earder oanjoegen dogge der mar leafst 5 partoeren út Wommels mei. En it is at de dúvel der mei spilet mar der moatte twa kear twa partoer tsjinelkoar yn de earste omloop. Sa wurdt in lestich koachkluske foar Brouwer.

Fuotbalhumor
Yn it nije stadion fan Brighton hawwe boufakkers harren earbetoan oan Sibe de Seefûgel makke. Doe ’t sy klear wienen hienen sy noch in pear stuoltsjes oer……………


Min sin?
In bult minsken krije in min sin fan min waar. Wy hawwe dêr gjin lêst fan. Dizze webside soarget derfoar dat wy altiten wol gnize kinne.
Groeten,
Aant Iekje
Willem Nulykwel

WK
Jûn is der wer it Wommelser Kampioenskip.
It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby (527)
Dizze Belgyske spits mei fan ’t simmer noch wol efkes traine op ôfronden:









Letter miskien mear!