Sneon 22-2-2020
21 februari 2020SDS-League: ‘Kratje bier’ pakt de 1e wykpriis!
24 februari 2020Gjin trainen
Trochdat der safolle wetter fallen is stiet it keunstgersfjild bol en kin der hjoed net traind wurde.
Sneon de rest fan SDS 1 – Heeg 1 om 14.30 oere
Sneon wurdt fanôf 14.30 oere it restant spile fan SDS 1 – Heeg 1 fan sneon 15 febrewaris. Der is noch 25 minuten te spyljen en SDS 1 stiet mei 1-0 foar. De tagong is fergees. Wy kinne wol efkes sjen as wy nei de wedstriid it Draaiend Rad noch efkes oanswingelje kinne.
Lid wurde fan SDS
Potinsjele nije SDS-leden kinne it knopke wêr as je je oanmelde kinne as nij lid fan SDS mar dreech fine. Dêrom hawwe wy boppeoan in nij knopke delsette litten. Wy hoopje dat dit makkelijker te finen is.
De nije SDS-League
Jûn hoopje wy mei de stân fan wike 1 te kommen. Tongersdei komt dan de stân fan wike 2.
Poiesz-jeugdsponseraksje
Yn de kantine fan SDS stiet wer in moaie bus om je Poiesz-munten yn te dwaan en by de Poiesz yn Skearnegoutum kinne je se yn de SDS-koker dwaan. Hjir kinne je sjen wêr as je dizze wike de measte bonuspunten by krije kinne.
Wa giet mei?
Sneon 21 maart spilet sc Heerenveen thús tsjin RKC om 20.45 oere. Fia SDS kinne jim goedkeap kaarten bestelle foar mar €10,- p.p. Wa giet der mei? Sjoch op www.kaartverkoopactie.nl/sdsnijland
Sneon 16 maaie Jan Nota en barbecue
Sneon 16 maaie slúte wy mei syn allen it seizoen feestelijk ôf mei muzyk fan Jan Nota en in barbecue. De barbecue is wer fergees foar alle SDS-frijwilligers. Mei de tiid kinne je hjir foar opjaan. De poster is alfêst klear:
Harsens derby (2211)
Sommige fuotballers brûke de linkerfoet allinnich mar om op te stean……….
We’ve all played with a right footer who REFUSES to use their left foot 😂
(🎥 Inter Plymouth) #SundayLeague pic.twitter.com/MZOnHvEUFz— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) February 22, 2020
Letter miskien wol mear!