Weppers moandei 23-5

Weppers snein 22-5
21 mei 2011
SDS – SDS ’55 BBQ 28 maaie
22 mei 2011

Ôflast
De wedstryd fan SDS DA2 giet jûn net troch.
Anna-Marijke

Underweis
Wepmasters meie ek graach bij oare klups sjen. Sa wie der sneon Stiens- Bolswardia en dat like de fytsende wepmaster in aardich ritsje op sneon. Op de weromreis woe hij noch efkes oer Frjentsjer. Krekt foarbij Berltsum op de dyk nei Rie seach hij foar him in fytser, mei wol wat in bekende swart wite tas efterop. En hoe tichter hij bij kaam hoe mear hij der fan oertsjûge rekke dat it de echte SDS tas wie. En yndie Willem Feenstra, earst SDS 4, hie mei SDS 6 yn Berltsum fuotballe en hij ûnderweis nei syn hûs yn Frjentsjer. It wedstriid ferslach koe efkes trochnommen wurde.

Wedstriidferslach SDS 6
It ferlies wie net nedich west, Sytse Hibma makke in doelpunt en de oare doelpuntenmakker is net bekend, want Willem kin noch net elkenien yn syn nije alvetal bij namme.

Sealfuotbalje?
Ek by it sealfuotbaljen binne sy wer drok dwaande om de selekses foar it nije seizoen klear te krijen. SDS 2 hat alfêst in nije spiler oanlutsen. Wichard Deinum sil yn it nije seizoen ek meidwaan yn de seal.
Hasto ek belangstelling om te sealfuotbaljen?
Mail dan efkes nei info@vv-sds.nl.

30 jier?
Hendrik Engbrenghof hat in nij terras oanlein foar syn hûs op ’t Bosk yn Wommels. Der stiet ek in boerd by yn de tún. Wat it betsjut is net hielendal wis? Neffens ús betsjut it: “Al 30 jier dwaande mei it terras”.


Nij keeperssjurt
Jaap Toering hawwe wy al in skoftke net mear yn in keeperssjurt sjoen y.f.m. syn blessure oan de knibbel. Jaap is drok dwaande om mei help fan de fysio fit te wurden foar it begjin fan it nije seizoen. Hy is dêrfoar ek noch op syk nei in nij keeperssjurt. Hy hat syn suster frege om wat út te sykjen. Wy krigen in foto fan de “keuringssesje”:

“Nee, dit sjurt is neat. Folgende side”.

Harsens derby (479)
Dizze assistint-skiedsrjochtster stiet efkes bûtenspul: