Weppers moandei 23-3

Weppers snein 22-3
21 maart 2015
Ferkeap m2 keunstgers foar nij sportkompleks
24 maart 2015

SDS en de Poiesz-aksje
Je kinne noch oan ’t kommende snein 29 maart de Poeisz-munten ynleverje by de Poeisz yn Skearnegoutum. Yn de kantine stiet ek in bak wêr ’t je de Poeisz-munten yn kwyt kinne. By eltse €10,- oan boadskippen krije je in munt.
As wy trochsette dan moatte wy as SDS earst wurde kinne mei de Poeisz-aksje. Sjoch
hjir de nijste stân mar ris.


De fluit
Juster in oprop fan Friso Albada oer syn fluit. In oprop op ús side en op de snútboekside fan Friso sels. Sa’n berjocht giet dan de hiele wrâld oer en it kin hast net misse dan dat de fluit werom komt.
En it ferlossende berjocht kaam al gau en út ûnferwachte hoeke:
Hè buur..dy is op e Pipegaal nu 11 . No troch de brievenbus gooit. Is dus TICHTERBIJ dan dast tochtest  wij wisten fan wa’t er wie…
Groetnis Gida Heerma-Kooistra

Oanfierder

Thomas van der Meer is oanfierder bij SDS 5 en dat mei elkenien sjen.

De tiid hâldt gjin skoft

Ferline wike pleatsten wij in stikje út in âlde Treffer fan 1988 mei dêrop û.o Rients Smeding. Hij reagearde fanút sint Nyk mei in foto en mei de wurden: De tiid hâldt gjin skoft.

De toto
It wie net sa raar dat SC Cambuur dit wykein yn blessuretiid fan AZ ferlear. Sûnt begjin febrewaris is it namelijk al sa dat SC Heerenveen wint dan ferliest SC Cambuur en oarsom. Yn 2015 hawwe sy yn elts gefal noch net in kear beide wûn yn ien wykein. Hâld der mar fêst rekken mei as je de toto ynfulle foar kommend wykein.

Alderaardichst
It is al wat sonde fan de sinten as je dit reklameboerd stean hawwe op freed 20 maart:


Harsens derby (1461)
Dy spuitbus fan dy skiedsrjochters is oeral foar te brûken: