Ferkeap m2 keunstgers foar nij sportkompleks

Weppers moandei 23-3
22 maart 2015
Weppers woansdei 25-3
24 maart 2015

Ein april wurdt der in begjin makke mei it fernijen fan it
B-fjild, begjin maaie mei it folledich renovearjen fan de boksen en as alles goed giet folgend jier it haadfjild ferfongen troch keunstgers. Hjir foar moat SDS noch wol mei €60.000 oer de brêge komme om it folledich renovearjen fan it sportkompleks mei te bekostigjen.

Sa gau as mooglik sille de SDS-leden (útsein de bern yn de Mini-league) dan ek los mei it ferkeapjen fan m2’s keunstgers. Alle leden krije 10 m2 keunstgers te ferkeapjen à 10 euro. Alle m2 keunstgers wurde ferkocht yn de foarm fan lotten. Op dizze lotten binne flinke prizen te winnen.
Sa is de haadpriis mar leafst €3000,-.
De ferlotting sil plakfine op
de SDS-jûn op sneon 30 maaie.

Fansels is it net makkelijk om 10 m2 oan de man te bringen à €10,-. Dochs geane wy der fanút dat jim allegear betûft genôch binne om se dochs oan de man te krijen. Yn it doarp doar oan doar lotten ferkeapje sil wol dreech wêze, mar ferkeapje se oan pakes, beppes, freonen, kollega’s, kollega’s fan famylje, SDS-supporters, ryke lju, leave muoikes, patserige omkes of wa dan ek mar.

Ek wy hawwe der oan tocht om de priis fan de m2 keunstgers wat leger te dwaan, mar dat soe betsjutte dat eltsenien 20 lotten ferkeapje moast. As ús dik 300 leden namelijk harren m2’s ferkeapje sitte wy noch mar op €30.000,- wylst wy úteinlik €60.000,- hawwe moatte. Dan like ús dit better.
In gesin krijt sawiesa net mear as 20 “lotten”.
Je kinne it altiten noch sa ferkeapje dat buorman en buorfrou elk de helte fan in m2 keapje en de efentuele priis ek diele. Al is dat by it winnen fan in SDS-sjaal miskien lestich……..

De opbringst is dus net allinnich foar it keunstgersfjild, mar ek foar it fernijen fan de klaaiboksen en it nije B-fjild. As alles goed is dan hawwe wy yn de simmer fan 2016 in prachtich nij sportkompleks lizzen!
Wat soe it dochs moai wêze as der foar de nije weryndieling yn Wommels in moai swimbad is en yn Easterein in prachtich nij sportkompleks.

Neist it ferkeapjen fan m2 keunstgers hâlde wy op de grutte SDS-jûn op 30 maaie in grutte feiling om de rest fan it jild byinoar te krijen.
Ek binne wy noch dwaande mei in oare grutte aktiviteit
en geane wy by bedriuwen del.

As jim fragen of opmerkings hawwe dan heare wy it graach fia
info@vv-sds.nl!

Wy dogge it mei syn allen!!