Weppers snein 22-3

Ut- en ferslaggen 21-3
20 maart 2015
Weppers moandei 23-3
22 maart 2015

Foto’s SDS 1 – SC Bolsward 1
Henk Bootsma sjitte ûndanks it winerige waar juster wer in pear kreaze plaatsjes.

Skelte Anema makket de 1-0 foar SDS.
Foto Henk Bootsma

Peaskemoandei
Op Peaskemoandei (oftewol Aaipopmoandei) spilet SDS 1 thús de ynhelwedstryd tsjin TONEGO 1. Dizze wedstryd stie op 17.00 oere, mar ien oerlis mei de tsjinstanner is de wedstryd no fersetten nei 15.00 oere.

De froulju fan SDS Vr.2 winne!
De froulju fan SDS 2 mochten dan juster eindelijk foar it earst los yn de 7tsjin7-kompetysje. Sy mochten út nei Arum en wûnen mei 1-0. Sjapoo!!


Pupillen fan de wike
De pupillen fan de wike hawwe harren tige goed fermakke yn de dugout mei de wikselspilers. Gelokkich sieten se wat yn de lijte mar echt waarm wie it net. Harren kommentaar op it gelykspul: “Dit hie net hoeden”

Sybo Wiersma mei Hendrik de Jong

Jorrit van der Velde mei Jaap Toering

Fluit


Ik fluitsje no iets mear as 10 jaar. En doe’t ik begun ha ik yn moaie ‘Fox 40’ fluitsje kocht. Dat is de ‘Porsche’ under de fluitsjes, foto byslúten. Yn de rin fan de jieren ha ik der noch twa ‘Fox 40’ fluitsjes bijkeape. Dy trije fluitsjes hingjen oanelkoar mei in ring en hie ik altiid mei op het fjild te fluitsjen. Oant yn tsjustere sneon yn februaris fan dit jaar. Earst melde sich myn nichtsje Femke. Dy hie perfoarst yn fluitsje nedig foar het folleyballen. Gút omke ôt ik bin joech ik myn leste kochte ‘Fox 40’ fluitsje oan myn leafe nichtsje Femke. It stays in the family; sille wy mar sizze. Spitigernôch opdieselfde dei kaem yn lieder lâns dy sei dat hy in fluitsje nedig hie foar it seal fluitsjen fan zijn team. Ik koe net wegerje, want de man lyke aardich en betrouber, mar wat zijn namme is wyt net. Alline joech ik him wol myn allerearste kochte ‘Fox 40’ fluitsje mei. De ôfspraak wa dat de lieder dit fluitsje wer werom bij my thus bringe soe, op de Pipegaal 8. Jo riede het al, oant op dit momint fan skriuwen is der noch neat werom brocht. En dat spyt my slim, want wat ik belibje ha mei dat fluitsje is net beskreon. Mar as tipje fan de sluier komt by my boppe de kear dat der 11 lilke spielers fan Blije op my ôfkamen en ik mar twa dingen hie dy ik bruke koe. Myn rinsnelheid, der hie ik dus neat oan, of it snerpende ferfelende ôfskrikkende lûd fan myn earste kochte ‘Fox 40’ fluitsje. Myn fluitsje hat my doe rêden. Derom in oprop oan de besitter fan in earste kochte ‘Fox 40’ fluitsje; ‘Ik wit dast der hiel bliid mei bist, mar ik wol dit fluitsje graach werom!’. Alfest betankt foar dyn meiwurking en ik bin net lilk.

Te besoargjen op:

Pipegaal 8 yn Wommels


Hij Leeft!
Anne Brouwer ferdjipppe him foar de ferkiezings efkes goed yn alle partijprogramma’s en gie doe op it ynternet de Kieswijzer ynfullen om goed tared nei de stimbus te gean. Hy seach al efkes frjemd op doe ’t hy de útslach seach; “Jezus Leeft”……..

Fan herte lokwinske!
Anne Brouwer wie ôfrûne freed jierdei! Noch fan herte lokwinske!

Hieperdepiephoera!

Strings?
Appie Posthumus foel it juster op dat der wol aardich wat fuotballers binne dy ’t hamstringklachten hawwe. Sa die syn soan Arjan juster net mei by sc Bolsward 1 om ’t hy lêst fan de hamstrings hat en ek Harm Stremler die om dizze reden net mei by SDS. Yn it ferline wie it neffens Appie allegear oars; “Yn myn tiid wienen der nea hamstrings. Der wienen wol strings…………”

De bal
Even met het team, of nou ja een deel er van, kijken bij een wedstrijd van de dames van Heerenveen tegen psv. Verschrikkelijke wedstrijd. Hevig staan zwaaien voor een voetbal die het publiek in werd getrapt, wie vangt hem? Ja het keepertje van dames 1 SDS, wat doet ze er mee? Juist.. Teruggooien naar de speelsters. ‪#top‬
Ilse

Harsens derby (1460)
Dizze froulijke assistent-skiedsrjochter hat in tapaslike foarnamme; Ho! Har efternamme sil dan fêst wêze; “Ksitderflinkneist”……………