Foto’s 1990-1994
21 maart 2021SDS-League: De Jannen diele de wykpriis!
23 maart 2021Op goal
Sneon hat de ‘Under de 26′ wer oefene. 23 man wienen der te baljen. Ien probleemke foar trainer Douwe Posthuma. Der wie mar ien keeper. Allinnich Mark Klijnsma wie beskikber as keeper. Gelokkich kaam Habtamu de Hoop noch. Hy hie wiken net traind, dus mocht hy op goal. Doe ’t Mark Klijnsma útfoel mei in blessure mocht Douwe Posthuma ek noch efkes keepe…….
SDS-Minileague
flnr: Melle, Wout en Niels
flnr: Quin, Joutsen, Mika ( efter Joutsen) Tygo, Redmer en Senne.
It like sneon wol Keningsdei mei al dat oranje!
De nije Treffer
Undanks dat der folle minder fuotballe wurdt as oars is de Trefferedaksje der dochs wer yn slagge om 36 siden by ús haadstiper en drukker Grafische Groep van der Eems te bringen foar de nije Treffer. As alles wat mei sit dan leit der kommend wykein by jim op de matte.
De nije stân fan de SDS-League
Troch in lytse steuring lit de nijste stân fan de SDS-League efkes op him wachtsje. Wy hoopje him woansdei of tongersdei bekend meitsje te kinnen.
Harsens derby (2292)
Elk team hat wol in Cristiano Ronaldo……..
We all know someone who thinks they are Cristiano Ronaldo 😂😂
(🎥 Simon Merrett)#SundayLeague pic.twitter.com/yj8P2gsjpp— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) March 20, 2021