Weppers snein 1-11
1 november 2009SDS League: 3 teams pakke wykpriis!
3 november 2009Jiergearkomsten
Novimber is de moanne fan de jiergearkomsten. De leden fan SDS krije op woansdei 25 novimber de gelegenheid “wat te finen” en de leden fan KF Easterein en KF Wommels komme in wike earder bijelkoar yn it Skoalleseizegebou of klupgebou.
B1 op de foto
B 1 wie sneon aardich kompleet. Dat wie in goeie gelegenheid om op de foto te gean.
Foto’s
Fansels hat Henk Bootsma ôfrûne sneon wer in tal moaie plaatsjes sjitten tidens SDS 1 – Heerenveense Boys 1. Jim kinne se hjir besjen.
22 wedstriden 22 punten
Wij hoopten dat út de 22 wedstriden fan sneon 34 punten bijelkoar fuotballe wurde soene. Dat is helaas net slagge. 7 oerwinningen en 1 gelykspul makket 22 punten.
Quote fan it wykein
Dit hearden wy sneon by SDS Da-1. Leider Bram van Beem: “Tink derom froulju! It gêrs is lang”.
Reaksje Joutzen Okkema: “It gêrs is net lang, do bist sa lyts……..”
SDS League
Wy binne alwer drok dwaande mei de nije stân fan de SDS League. Wy geane derfan út dat hy hjir moarn op de webside stiet.
Harsens derby (80)
Somtiden hawwe je(Pantelic?) it idee dat de bal der nea yn wol: