Weppers snein 1-11

Ut- en ferslagen 31-10
29 oktober 2009
Weppers moandei 2-11
1 november 2009

83 kear SDS E1

It is krekt of binne je der bij. At je dizze fotoreportaazje sjogge dy’t Frank de Ruiter (omke fan spiler Yward Zijlstra) makke hat fan de wedstryd Res E2 – SDS E1. SDS wûn mei 2-3.

Op ‘e foto
SDS E2 is juster op de foto kommen:

Wy soenen ek graach sjen dat wy noch alvetalfoto’s krigen fan SDS D3, E4, F1 en F2.

Leider SDS A1
Om ’t Floris Hiemstra net eltse sneon optrede kin as leider by SDS A1 soe hy graach sjen dat der in leider by komt. Wa ’t belangstelling hat moat mar efkes kontakt opnimme mei Floris sels, Durk Okkema of Lody Roembiak.

SDS 4
Fan SDS 4 heare en sjogge wij net sa faak wat op dizze side. Dat moast mar ris oars en dêrom stjoerden wij sels in mantsje nei Wytmarsum. Sjoch hjir foar it ferslach.


Unyk
Wij ha begrepen dat de trije’s H’s juster meielkoar fuotballe hawwe. Dat soe unyk wêze. Der is altiten wol ien blesseard of der moat ien wurkje of der is ien efkes stoppe of der is ien trainer op sneon. Marco, Robert en Christiaan.

Ôfwoskhannen
Sûnt 2 wiken wennet Jacob Klaas Haitsma net mear by heit en mem. Yn de Jimbar fannemiddei klage hy dat hy sa ’n lêst hie fan syn hân. Neffens him soe hy dit krigen hawwe mei it fuotbaljen. Wy witte wol better. Hy hat fansels lêst fan ôfwoskhannen. Miskien moat hy dit ris probearje……..

De Klassieker
Fannemiddei om
12.30 hawwe wy wer de Klassieker: Ajax – Feyenoord. De Jimbar sil dan ek wol wer ôfladen fol sitte mei SDS’ers dy ’t ien fan beide klups in waarm hert tadraacht. Wy binne benijd as der no ris in kear mear Feyenoorders as Ajacieden sitte.

Gonzalo Garcia-Garcia
SC Heerenveen wûn dan juster wol mei 3-0 fan ADO Den Haag, mar dat betekent fansels net dat it lek no boppe is. Hielendal net mei útwedstriden tsjin FC Utrecht en Ajax yn it foarútsjoch. It Heerenveenpublyk soe graach sjen as it bestjoer in pear goeie fuotballers oankeapet yn de winterstop. No hawwe wy juster lêzen dat FC Groningen wol ôf wol fan Gonzalo Garcia-Garcia(âld-SC Heerenveen). Wat ús oanbelanget mei SC Heerenveen dizze knaap lyk wol helje. Wêrom? Hjirom: