Weppers moandei 19-7

Programma’s SDS 1,2,3 en A1 2010-2011
19 juli 2010
Oefenprogramma SDS 1
20 juli 2010

Nij KNVB-reglement
Foar elts fuotbalseizoen komt de KNVB wer mei in nij reglement. It is in aardich boekwurk fan sa ’n 100 siden. Jim kinne it
hjir fine. Mochten jim wat opmerklijks fine mail it dan mar efkes nei info@vv-sds.nl.

Oefenprgramma SDS 3 rûn
Jan Stenekes lit witte dat it oefenprogramma oangeande SDS 3 rûn is. Sy sille yn it wykein fan 28 augustus oefenje op Skylge tsjin AVV. Jan hat Henk Bootsma alfêst nei Skylge stjoerd om AVV te analisearjen.

Henk fanôf Skylge

Foto Henk Bootsma
Haw in oantal dagen op Skylge west en dêr wie SC Heerenveen ek om in clinic te jaan oan de jeugd en fuotballe tsjin AVV fan Skylge. Sil fan ‘e wike mear foto’s dêrfan op myn side sette.
Ha ek mei Ron Jans praten en sei tsjin mei dat hij seker noch in kear yn Easterein komt te sjin. 
Henk.

WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby (254)
CNN hat fansels neat mei fuotbal, mar doe ’t it WK yn Súd-Afrika dwaande wie koenen sy der net om hinne om hjir in item fan te meitsjen. Sy sochten “World-Cup-legend” Ruud Krol op en gienen mei him yn petear. Dit levere in hilarysk ynterview op mei nammen troch it houtskoal-Ingels fan Krol: