Weppers moandei 19-12

Weppers snein 18-12
17 december 2011
Weppers tiisdei 20-12
19 december 2011

Lokwinsken
De lokwinsken binne hjoed foar Margriet Rienstra. At se net blesseard is spilet sij bij Da 2. Sij wurdt hjoed 26 jier.

Sealtrainen

Maandag   17:00-18:00  F3/F4 Willem Wijnia
Dinsdag     16:50-17:50 D1 Douwe Dirk Reitsma
Donderdag 17:00-18:00 A1 Wietse Fopma

Leuke reklame
It is wer de tiid fan de jierferkiezingen. Dit is al in âlde reklame (út de tiid dat foar smoken noch reklame makke wurde mocht). Wij bliuwe him moai finen. Sjoch hjir.

Rektifikaasje
Dizze foto stie hjir juster op de webside, mar dit is fansels net Wiebe, mar Jesse:


Nije Treffer
As alles goed giet dan komt ein dizze wike de spesjale Krysttreffer út. Wy sjogge der no al nei út.

Net folle
As je mei dat reinige waar útsupporter binne sjoch je net folle fan de wedstryd:


Harsens derby (638)
Neymar foel juster dan wol wat ôf tsjin Barcelona, mar it bliuwt alderaardichst om him fuotbaljen te sjen.