Weppers snein 18-12

Ôflast programma 17-12
17 december 2011
Weppers moandei 19-12
18 december 2011

Jierdei
Jens Hiemstra wurdt hjoed 7. Hij is earste jiers F-ke en fansels de lokwinsken fan alle SDS-ers.

De D’s
40 D spilers (en dat wiene se hast allegear) wiene sneontemoarn yn de sporthal om te fuotbaljen. It wie in fleurich gehiel mei Barcelona, Ajax, SC Hearrenfean en jawol ek  Feyenoord sjurtsjes. It wie suver spitich dat der hieltyd ien partij (te grutte) giele hesjes oan ha moast.


Tige spannend mar wol sportyf…….


…en oan de kant waard goed yn de gaten holden at útslaggen goed of min wiene foar de stilsitters


…..want dy skoares, dy doelpunten dêr giet it om en dy waarden sekuer byholden troch ûnder oaren Jesse.

Moaiste goal
De moaiste goal juster wie ien fan Inne Heerma. Nei in knappe passeeraksje wist hy de keeper te passeren mei in knappe lob fanôf de sydkant fan it fjild.
Wy wachtsje noch op de bylden.

Krysttoernoai
De mannen fan SDS binne net gek begûn oan it Krysttoernoai fan Frjentsjer. Sy moasten justerjûn 5 kear fuotbalje en pakten mar leafst 15 punten. Sis mar mear punten dan yn hiel 2011 op it fjild………… Jaap, Feiko, Feite, Erik, Skelte, Jelmer en Willem binne no al sa goed as wis fan de 16e finales. Neffens Erik wie hy de topskoorder. Wy telle dan ek alle goals mei dy ’t der fia in tsjinstanner yn gienen(sis mar eigen goals).

Krysttoernoai(2)
Freek, Jacob von W., Martin, Jildert en Wytze dogge foar Ulenborg mei oan it krysttoernoai yn Frjentsjer. Sy hawwe 2 kear wûn, 2 kear ferlern en in kear lykspile. Sy moatte 2e Krystdei noch flink oan de bak om de folgende ronde helje te kinnen.

Dijkshoorn
Jildert Hylkema jout oan dat de lêste “Appeleren” fan Dijkshoorn yn VI geweldich is. It duorret noch efkes foardat dy op it grutte web stiet , dêrom in archyf
eksimplaar oer ien fan ús grutte favoriten. Dan dogge letter wij letter de lêste.

Harsens derby (637)
Yn 2011 is de moaiste goal fan it jier oan ’t it lêst bewarre: