Weppers moandei 19-10

Ut- en ferslaggen 17-10
15 oktober 2015
Aginda ledengearkomst SDS op 28 oktober
20 oktober 2015

SDS-side
It wurdt hieltiten dreger om wat op de SDS-side te setten om ’t hy wat âlderdomskuren krijt. It kin dêrom wêze dat jim by tiden wat letter nijs fan ús krije as dat jim altiten wend wienen.

SDS-ledengearkomst
Nije wike woansdei 28 oktober is de jierlijkse SDS-ledengearkomst. Alle leden binne fan herte wolkom. Sa ’t it no stiet begjint it om 20.00 oere. Moarn kinne jim hjir op de webside de aginda sjen.

Meinte-Sixma-toernoai
De D-,E- en F-pupillen dy ’t harren noch net opjûn hawwe foar it Meinte-Sixma-toernoai fan woansdei kinne dat noch altiten
hjir dwaan.

Programma kommende sneon
It programma foar kommende sneon sjocht der sa út (klik
hjir).

SDS B1 en B2
Hans van der Schaar traint moandeitejûns B1 en B2. Hy wurdt dizze kear assisteard troch Teun Heeres fan SDS 1. It doel is dat der eltse wike in spiler fan SDS 1 helpe sil om B1 en B2 te trainen. Erik Haitsma, Hendrik de Jong en Tsjipke Okkema hawwe al oan beurt west.

SDS 1 sil tiisdei oefenje
SDS 1 sil moarn te oefenjen yn Tjalberd tsjin Aengwirdum.
Sy spylje om 20.00 oere en fertrekke om 18.45 oere út Easterein mei de folgende spilers:

Marten Faber, Tjipke Okkema, Erik Haitsma, Ewout de Boer, Feiko Broersma, Grietzen Broersma, Elger Turksma, Teun Heeres, Wiebe Heeres, Sjoerd de Vries, Jort Strikwerda, Wietse Fopma, Habtamu de Hoop, Lourens van der Pol, Gerwin Sijbesma en Frank Bervoets.

SDS 2 op film
De prestaasjes fan SDS 2 binne mear lju opfallen. Kommende sneon sil Steven Tuiten filmopnames meitsje fan SDS 2 – Mulier 2 foar in projekt foar skoalle.


Harsens derby (1610)
Toet, toet, Touzani!!