Weppers moandei 18-5

Ofskie Floris
17 mei 2009
SDS League: Sybren pakt 1e priis!
19 mei 2009

Fan herte Lokwinske
Wij lokwinskje de Feanfans fan herte mei it beheljen fan de beker. Wij tinke dat sels de PSV, Ajax en Feyenoord fans dizze lokwinsk ûnderskriuwe.

Lieuwe Jan en Baukje troud
SDS 4 spiler Lieuwe Jan van der Brug is freed troud mei Baukje. It jonge stel hie it feest yn Easterein. Jaring Rispens makke in reportaazje dy’t jim jim
hjir sjen kinne en wij pleatse al fêst in pear foto’s dy’t Jaring ús stjoerde.



In earehaach foar it jonge stel bij it ferlitten fan in prachtige troulokaasje yn Easterein


Lieuwe syn teamgenoaten fan SDS diene graach mei oan dit feest.

Sieta

Sieta Tessemaker hat dit jier in hiele protte dien foar SDS. En dan meinamme foar de jeugd. Foar de jeugdkommisje reden om Sieta efkes yn it sintsje te setten. Ab Scheepvaart oerlange har sneon in kadootsje.

Kampioen?
SDS D1 kin kommende sneon kampioen wurde. Lieder Jan Los makke alfêst in spandûk:

Gastflagger
SDS 5 trof sneon yn Feanwâlden in gastflagger oan bij de tsjinpartij. Appie Posthumus mocht SDS-ers foar bûtenspul ôffluitsje. En dat die hij dan ek terjocht of ûnterjocht dêr wurde je it net altyd iens oer.

Saai
Real Madrid ferlear sneon fan Villareal mei 3-2 nei in thriller. Wikselspiler Julian Faubert fan Real fûn it net spannend genôch om dêrfoar wekker te bliuwen: