Weppers moandei 18-1

Noch wat ferslagen
16 januari 2016
SDS-sealtoernoai foar senioaren, A-junioaren ensfh.
19 januari 2016

SDS 1 oefent
Tiisdeitejûn sil SDS 1 oefenje tsjin sc Franeker 1 sneins. Se geane om 19.00 oere fuort en it begjint om 20.00 oere en de folgjende spilers geane mei:
Jaap. Sjoerd. Wiebe. Hendrik. Feiko. Elger. Tjipke. Bauke. Erik. Grietzen. Teun. Dirk Yde.  Jacob.  en Pieter S.

SDS-sealtoernoai foar senioaren ensfh.
Kommende sneon is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, A-junioaren, sealfuotballers, âld-SDS’ers en oare lju dy ’t wat mei SDS hawwe. Jim kinne jim
hjir alfêst opjaan. Dit kin oan ’t sneon 13.00 oere. It sealtoernoai begjint sneon om 19.00 oere.

SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren
Kommende sneon is fanôf 9.00 oere it jierlijkse sealtoernoai foar B- en C-junioaren. Jim kinne jim
hjir opjaan oan ’t freed 12.00 oere.

SDS A1
SDS A1 spilet syn earste kompetysjewedstryd op sneon 6 febrewaris. Sy spylje dan as nûmer 2 út tsjin nûmer 3, sc Franeker.

Lokwinske!
De lieder fan SDS 2, Jeroen Brouwer, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

SDS-League
De transfermerke is noch iepen oan ’t 1 febrewaris en dat betsjut dat wy ek noch net los kinne mei de twadde helte fan de SDS-League. Begjin febrewaris giet it wer oan!



Harsens derby (1657)
Yn Portugal hawwe sy seker de hiele winterstop op korners oefene: