Weppers tiisdei 18-11

Weppers moandei 17-11
16 november 2008
Weppers woansdei 19-11
17 november 2008

Gewoan op it fjild
Hoi C2 voetballers, 
Vorige week is er op de training gezegd dat jullie deze week om 17.00 uur in de sporthal trainen. Dit klopt niet. Vanavond is er gewoon trainen op het veld om 18.00 uur. De telefoonboom is ook in werking gesteld, maar het is mogelijk dat enkelen niet op tijd worden gebeld. De zaaltraining begint pas als jullie daar bericht van krijgen.
Marjan Flapper

Sealtrainen dizze wike:

DAG   DATUM  TIJD  TRAINERS 
MAANDAG  F1  17 november 17.00  SIETSKE V/D HORST 
DONDERDAG  F4  20 november 17.00  BAUKE DIJKSTRA 
DONDERDAG  F5  20 november 17.00 FEIKO SCHEEPVAART 
VRIJDAG  F2  21 november 17.00 HARM VINK 
VRIJDAG  F3  21 november 17.00 SIETA TESSEMAKER 

Sjurtsponser
De SDS-froulju binne noch op syk nei in sjurtsponser. Hawwe je belangstelling of witte je ien dy ’t it wol wat liket om by de froulju op de boarst te stean mail dan nei
info@vv-sds.nl.

Anekdoate
Ôfrûne freed die Lody Roembiak op de ledengearkomst fan SDS in ferhaal oer syn fuotbalkarriëre. Dit wie de moaiste anekdoate:
Yn de tiid dat Roembiak by SC Cambuur fuotballe spile dêr de gekke Ingelsman David Loggie yn de spits. Op in kear waard hy op trainen dwerstroch trape troch Martin Koopman (no trainer fan Roda JC). Loggie koe dit net oer syn kant gean lite en pakte Koopman op in orisjinele manier werom. Hy kocht 4 sâlte hearringen en liet dizze troch in mantsje pleatse yn de beklaaiing fan de doar fan de auto fan Koopman. Nei in wike begie dit allemachtich te stjonken en de auto gie geregeld nei de garaasje. Koopman hat sa wiken yn in stjonkende fiskkarre ride moatten.

Net best
Ien fan de wepmasters is sûnt in pear wiken wer hielendal fit om te fuotbaljen. Hy is hjir tige wiis mei. Dat SDS hjir sa wiis mei is dunkt ús net. Hy hat ynmiddels trije wedstriden(twa by it 3e en ien by it 2e) fuotballe en alle trije wedstriden ferlern. It doelsaldo laket der ek net om: 2 foar en 14 tsjin…………… Sneon mar wer ris konten woskje liket ús it beste……

SDS League
Wy tinke dat it no hast wolris dien is mei it gelok fan Lolke Hofstra. De blessures fan Huntelaar(AJA) en De Roover(GRO) kin hy nea opfange. Moarntejûn kinne jim it sjen as de nije stân hjir stiet.

Spektakel
Yn Boalsert wie snein de derby RES-CAB. Dat wie al wer 8 jier lyn. De skeids hie gelokkich syn kaarten bij him (12 kear giel en 3 kear read) en syn telraam (9 doelpunten). Sjoch
hjir

Cristiano Ronaldo (2)
Cristiano Ronaldo wurdt sjoen as ien fan de beste fuotballers fan de wrâld. Dochs hat hy ek wolris in misser. Juster de fuotten yn de tiezen en hjoed in bal dy ’t elke SDS’er meitsje soe…….