Weppers moandei 15-4

Weppers snein 14-4
14 april 2013
Weppers tiisdei 16-4
15 april 2013

Net traine
SDS 3 traint tiisdeitejûn net. Woansdeitejûn mei SDS 3 thús fuotbalje tsjin SC Joure 3. De wedstryd begjint om 19.15(wie 19.00). De seleksje komt moarn op de webside.

SDS 1 – CVVO 1
Dinsdag 19.00, aanwezig zijn om 17.45 uur.
Spelers: Jaap Toering, Kristiaan Gaastra, Jakob/Klaas Haitsma, Erik Haitsma, Harm Stremler, Wytze Lanting, Wietse Fopma, Ewout de Boer, Jelmer Posthumus, Arjan Posthumus, Dirk de Jong, Dirk Yde Tsjaarda, Skelte Anema, Feiko Broersma en Tjipke Okkema.
Door blessure’s zijn er mutaties mogelijk dus blijf beschikbaar. 
Met vriendelijke groet,
Jaap de Blaauw

SDS 2 – Rood Geel 2
Tiisdei 19.00 oere, 18.10 oere der wêze.

Seleksje: Tjeerd de Vries, Sjoerd de Vries, Ayanle, Bauke, Gerrit, Feite, Sytse Hibma, Jan Simon, Hendrik, Henk, Anne, Jan, Jort, Robert en Willem.
Grinsrjochter: Pieter Kamstra
Groetnis,
Marco

SDS F1 beker
SDS F1 spilet woansdei yn de kwartfinale fan de beker thús om 18.45 tsjin Leeuwarder Zwaluwen F2. Allegear efkes komme dus!
As der ien in foto fan SDS F1 hat dan mei dy de foto wol efkes maile nei
info@vv-sds.nl sadat wy dy woansdei op de webside sette kinne.

No ek losse SDS-trainingsbroeken te krijen
Op fersyk fan SDS leden kin der no ek losse trainingsbroeken besteld wurde. Klik op de webshop en sjoch by trainingsbroeken.
Binne jim fan plan noch SDS klean te keapen, skilje dan efkes nei Douwe Dirk(332500), want SDS hat SDS klean op foarrie.
It bestjoer.

Ek ideaal om yn te ljeppen.
(foto Henk Bootsma)

Net mei fuotbalskuon op de tennisbaan 
Net mei fuotbalskuon op de tennisbanen at der in bal oer it stek hinne gien is. Dit jout oerlêst mei de Tennisklub. Graach jimme meiwurking.
Douwe-Dirk Reitsma

Folgende kear sûnder fuotbalskuon op de tennisbaan!!

Wjirje
SDS 2 moast ôfrûne sneon yn Hasselt fuotbalje op keunstgers wylst sy hjir net op rekkene hienen. Ien foardiel; SDS 2 moat tiisdeitejûn alwer fuotbalje(19.00 thús tsjin Rood-Geel 2) en de sjurtsjes, broekjes en sokken fan ôfrûne sneon hoefe dus allinnich mar efkes bûten te hingjen te wjirjen.

Besikers SDS-side
Oan it tal besikers fan de SDS-side kinne je sjen as it goed of min waar is. Op sneon 16, 23 en 30 maart hong it derom as der wol fuotballe wurde soe. Dy sneonen waard der sa ’n 1400 oan ’t 1700 kear op de side sjoen. Op sneon 6 april wie dit 850 kear en 13 april 950 kear. It waar wie doe ek dúdlik better.

Harsens derby(1004)
Dit is in moai fangbaltsje foar de keeper fansels: