Weppers moandei 14-6

Stân SDS WK League (8 wedstr.)
14 juni 2010
Stân SDS WK League (11 wedstr.)
14 juni 2010

SDS-Kleanlijn
De artikelen fan de nije SDS-kleanlijn binne ek binnen. Binnenkoart kinne jim hjir op de webside in link fine wêrmei je allerhande spullen bestelle kinne.

It sjocht der mar kreas út

Sneu
Fannemiddei om 13.30 begjint Nederlân-Denemarken. Eltsenien kin it fansels sjen. Is it net yn de kroech of thús op de bank dan yn elts gefal wol op it wurk yn de kantine of sa. Dit jild net foar Sjoerd van Beem. Syn baas wol it net lije dat hy mei de skoalbêrn nei it fuotbaljen sjocht. Yn de lêste gearkomst(wêr ’t Sjoerd net wie….) waard sein; “Bij een belangrijke tennisfinale mogen de kinderen ook niet kijken”. In hartstikke goed argumint fansels. Alle tennisfinales binne op snein………….

Inleveren materialen
Willen de leiders en trainers, die nog in bezit zijn van materialen zoals passen, sleutels, voetballen, shirts, enz., deze voor 21 juni a.s.  inleveren bij W.Twijnstra.
Mocht dit niet mogelijk zijn, willen jullie dan kontakt met mij opnemen hetzij telefonisch 0515-332570 of via e-mail:w.twijnstra@home.nl.
Met vriendelijke groet,
Willem Twijnstra, De Ljits 1, 8734 HL Easterein.


Hamstring
Robben is no ek yn Súd-Afrika en om ús bliuwt der fannemiddei noch mar moai op de bank sitten. Hy moat noch mar wat foarsichtich oan dwaan mei syn hamstring:


WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Oranje
Wy as wepmasters hawwe net folle mei al dat Oranje-gedoch. Dochs kinne je der hast net omhinne. Ien fan de wepmasters is der dan ek al aardich ynstjonkt(klik
hjir).

Harsens derby (232)
Fansels is it in hels kabaal yn Súd-Afrika mei al dy Vuvuzela’s en liket dat wat nijs. Op it WK yn 1982 wie it oars net oars. Frankryk moast tsjin Koeweit en der waard flink (gas)toetere. Doe ’t der ek noch ien op in fluitsje blaasde tochten de Koeweiti’s dat de skeids fluite foar bûtenspul. Dit wie net it gefal. It wie ien op de tribune dy ’t fluite. De grutte oaljesjeik fan Koeweit koe net oer dit ûnrjocht en drige syn spilers fan it fjild te heljen: