Weppers moandei 14-4

Weppers snein 13-4
11 april 2008
Weppers tiisdei 15-4
14 april 2008

Topper
SDS 2 docht it yn de twadde helte fan de kompetysje net gek. Wêr ’t sy foar de winterstop hast ûnderoan stienen, dogge sy no mei om it 3e plak en kinne sy de 2e periode noch pakke. Moarntejûn spylje sy de derby tsjin direkte konkurrint Nijland 2. De wedstryd begjint om 18.45 yn Nijlân. SDS 2 hat noch wat rjocht te setten tsjin Nijlân, want de thúswedstryd gie earder dit seizoen mei 3-2 ferlern.

Seleksje SDS 2
Dit is de seleksje fan SDS 2 foar moarn:
Feite, Arjan, Mark, Redmar, Jeroen, Dennis, Marten, Gerrit, Jan Simon, Stefan, Syb, Sybren, Willem en Hjalmar.
Sy fertrekke om 17.30 út Easterein.

De Telegraaf fan sneon

SDS’ers op it Kasteel
Michael Dingsdag kaam tsjin Sparta nei it útfak om der de wedstriid te besjen. De oanfierder fan Hearrenfean woe witte hoe’t fanatyke supporters de wedstriid belibje en wy as supporters foene it moai dat in spiler tusken ús yn stie.

Dingsdag yn goed geselskap fan in pear SDS’ers.
Gearard Posthumus


Op ‘e fyts mei helpmoter

Hij die wol krekt of wie hij ek op de fyts nei Tsjom, de wierheid is oars: Ype op de fyts mei helpmoter.

Gelokkich
In doelpunt meitsje kin in minsk hiel lokkich meitsje. Harm Auke Dijkstra bewiist dat dit jier al 10 kear. En doe’t bliken die dat Gearard net skoard hie, wie hij hielendal bliid. Sjoch
hjir foar de hiele list.

Kin gebeure(2)
Foarige wike by SDS 2 wie Hjalmar oe sa bliid mei syn goal dat hy Willem in tosk troch de lippe sloech . Dat is altiten noch better dan dat Oliver Kahn út syn dak giet:

Wierskynlik jûn mear!