Weppers moandei 13-1

Winterprogramma SDS 1
11 januari 2015
Nijjierstoernoai C-junioaren!
12 januari 2015

SDS 2 wer los
Lykas SDS 1 sil SDS 2 tiisdeitejûn ek wer foar it earst dit jier wer ris traine.

SDS A1 wer los
Ek SDS A1 sil moarn wer los. Sy traine om 19.30.

SDS-súkses op it OFK? (2)
SDS wie al útskeakele foar de finaleronde fan it OFK, mar mei in fikse SDS-bril op skriuwe wy dochs noch in pear SDS-súkseskes neist dy fan juster. By de winners fan SC Franeker siet namelijk ek in sweager fan SDS’er Feite de  
Haan.
No kinne sy it der op jierdeis moai oer hawwe hoe ’t it is om ien kear yn je libben it OFK te winnen.

Kantine is flink himmele
Ôfrûne sneon hawwe in groepke entoesjaste frijwilligers dwaande west om de kantine oan ’t de lytse gatsjes oan ta skjin te meitsjen. Sjapoo!
 

Klaverjasse
Kommende freed 16 jannewaris organisearet SDS yn gearwurking mei de KF in klaverjastoernoai yn de fuotbalkantine. It begjint om 19.30 en der sille 3 bomen klaverjast wurde. De organisaasje is yn hannen fan Sipke Hiemstra en Oebele Anema. It doel is om op dizze manier alfêst wat ekstra ynkomsten foar de Skoalleseize te krijen foar û.o. it nije keunstgêrsfjild.

Treffers

It is in hiele klus al dy Treffers digitaliseare mar at BZV noch in jier trochgiet komme wij in hiel ein. Yn it ramt fan WSPTBZV (WepmasterSiketPutsjeTidensBoerZoektVrouw)

Alderaardichst
SDS’ers dy ’t al nei Boer Zoekt Vrouw sjogge dogge dat fêst om ’t in boer safolle op in Koeman liket:
Permalink voor ingesloten afbeelding

Peppi & Kokki
“Heit, ik hoef wier gjin fruchtensap hear”
“Wêrom net?”
“Dat docht my oan fruchtwetter tinken…………….”

Harsens derby (1410)
Sa ’n ballenjongen kinne wy by SDS ek wol brûke: