Weppers moandei 12-3

Sneon 10-3-2018
9 maart 2018
Weppers tiisdei 13-3
13 maart 2018

Mei de bus nei Bant!

SDS 1 sil sneon wer ris yn de bus nei in útwedstryd. Dit kear nei Bant. Wolle je ek mei as supporter mail dan nei info@vv-sds.nl of sjit foarsitter Willem Wijnia efkes oan. Foar €5,- kinne je al mei.

SDS 1 wint mei 8-0. Grutste oerwinning ea?

SDS 1 wûn sneon mei 8-0 fan Willemsoord 1. Wy fregen ús ôf as dit de grutste oerwinning fan SDS 1 ea is. Wy wisten dat SDS 1 ferline jier mei 6-0 fan Willemsoord wûn hie en dat SDS yn de jierren 90 ris dik wûn hie fan Cambuur ’69. Wy hawwe it opsocht en kamen der efter dat ek de útslach tsjin Cambuur ’69 op 12 oktober 1991 net heger wie. SDS wûn doe namelijk mei 9-2. SDS 1 waard dat seizoen kampioen yn de 1e-Klasse FVB. Dit wienen doe de doelpuntenmakkers fan SDS:

 : Floris Hiemstra
 : Jappie Wijnia
 : Jappie Wijnia
 : Jappie Wijnia
 : Jappie Wijnia
 : Jappie Wijnia
 : Peter Sybesma
 : Remco Bervoets
 : Rients Smeding

Wy hienen de moed hast opjûn doe ’tw y dan dochs in hegere útslach tsjinkamen. Op 28 april 1973 wûn SDS de lêste kompetysjewedstryd fan it seizoen thús mei 10-0 fan Gorredijk. SDS waard dat seizoen kampioen yn de 1e-Klasse fan de FVB. De doelpuntenmakkers binne net by ús bekend. Wa kin ús hjir oan helpe? Mail it nei info@vv-sds.nl.

Knotsgekke wedstrijd in Heerenveen.

De hoofdtekst zegt al genoeg tsjonge tsjonge wat een wedstrijd en dat onder de rook van het Abe Lensta stadion!  Onze toppers spelen 5-5 in Heerenveen tegen Vv Heerenveen.
Bizarre score verloop en 2 ouders Esther en ik die 10 jaar ouder zijn geworden.

1-0
2-0
2-1 Wiebren
3-1
3-2 Daniël
3-3 Sibrand
3-4 tygo
4-4 tevens ruststand.
5-4
5-5 Daniël

Maar het was eerlijk gezegd ook een terechte uitslag.
Op naar volgende week thuis tegen Sc Bolsward.
Dennis Vinke

Gerrit Poortinga

Ofrûne sneon soe Gerrit Poortinga nei de wedstryd SDS 1 – Willemsoord 1 optrede yn de kantine. Hy waard sneontemoarn allinnich hears wekker en it sjongen waard neat. Lokkich genôch koe Sjouke van Kammen it fan him oernimme. Gerrit komt no op sneon 26 maaie optreden yn de kantine nei de lêste kompetysjewedstryd fan SDS 1 tsjin TOP ’63. Ek sil der in grutte barbecue organiseard wurde foar alle SDS’ers.

Smookpeal

De smookpeal is ferpleatst fan de tagong nei de sydkant fan de kantine, sadat oare lju minder lêst fan de reak hawwe. Wolle de smokers der wol om tinke dat de peuken yn de smookpeal bedarje? Dan waaie de peuken letter ek net it keunstgersfjild op.

Harsens derby (1994)

Dizze bal wie net te missen fansels………….

 

 

Letter mear!