Weppers moandei 12-12

Tarieding SDS 1 winterstop en ferfolch
12 december 2016
Woansdei leiders-trainersgearkomst om 19.30
13 december 2016

2e-leiders/trainersgearkomst

Woansdeitejûn is der fanôf 19.30 oere de 2e leiders-trainersgearkomst fan dit seizoen yn de kantine. Alle lieders en trainers fan de jeugd hawwe in útnoeging krigen en wy hawwe al sjoen dat it tige de muoite wurdich is om hjir efkes te sjen. Mei syn allen meitsje wy SDS!

Sponser

abe-jan-stegenga-broekens
Ien fan de sponserbuorden lâns it haadfjild is fan Broekens, in mechanisaasjebedriuw yn Stiens, Gerdyk en Surhústerfean.  Ofrûne sneon stie yn de LC in nijsgjirrich artikel oer drones yn de loft en  masjines op it lân.  En yn it artikel sjogge wij in bekenden stean op de foto….. It reklameboerd fan harren stiet flakbij de jeu de boule baan

Winterstop

SDS 1 soe kommende en nije wike noch traine, mar trainer Marco Hoekstra hat yn goed oerlis mei de seleksje besletten om dit jier net mear te trainen en dan op 3 jannewaris wer los te gean.

Hast winterstop

SDS 2 traint tiisdei noch ien kear en sil dan it winterreces yn. Op sneon 7 jannewaris mei de nijjierssit komme de mannen faor it earst wer wat yn beweging.

Nei de winterstop

De earste kompetysjewedstryd nei de winterstop foar SDS 1 is op sneon 28 jannewaris thús tsjin Oeverzwaluwen 1.

Afbeeldingsresultaat voor sealfuotbal sdsSealtraine

De froulju fan SDS Vr.1 dogge dit jier mei oan it OFK begjin jannewaris yn Frjentsjer, dus der sil ek efkes yn de seal traind wurde moatte. Sy dogge dit op sneon 24 desimber fan 10.00-12.00 oere.

Sealtraine (2)

De mannen fan SDS 3 en 4 sille woansdeitejûn de seal efkes yn. Sy fuotbalje fan 21.00-22.00 oere. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Sealtoernooi F-pupillen (JO-9 en Minileague)

Opjaan foar it F-pupillen toernooi fan kommende sneon 17 desimber kin op dizze link. https://goo.gl/forms/yBpopF9ZhDD0FQN73.
It begjint om 9.00 (8.45 der wêze).

Harsens derby (1805)

Knappe goal…………………. Wol de ferkearde…………