Weppers moandei 11-9

Utslaggen 9-9-2017
9 september 2017
Weppers tiisdei 12-9-2017
12 september 2017

Traine

Traine efter de sporthal wurdt hjoed neat. Te wiet

SDS MO 15-1

Tiisdeitejûn om 18.30 oere de bekerwedstriid fan MO 15-1 tsjin Zeerobben MO15-1

ST SDS/Nijland JO15-2

Ek woansdeitejûn in wedstriid yn Easterein.  ST SDS/Nijland JO 15-1 spilet dan tsjin Waterpoort Boys JO 15-1

SDS JO17-1 – OHH JO17-1 4 – 3

Ofrune sneon stie foar us de twadde bekerwedstriid op it programma. Thus tsjin de sterke kombinaasje ut Oudega, Heeg, Hommerts/Jutryp. De wedstriid wie om 9.00u, mar us gasten wiene al foar 8en op it sportkomplex yn Easterein. Ferline wike hiene sy wun by haadklasser SC Boalsert, dus by winst wiene sy sa goed as seker troch yn e beker. Mar wy hiene ferline wike ek sjen litten dat wy aardich balje kinne. Wol krekt ferlern, mar eins gewoan better as SWZ JO17-1. Dizze wedstriid beginne we flitsend en we sykje gau us spitsen. Stan mei syn snelheid en kreft en DJ Sjoerd de B mei syn geweldige aksjes/techniek binne in ware plaag foar de efterhoede fan OHH. Nei 5 minuten komme we fertsjinne op foarsprong. Nei in mooie rush fan de hiel goed spyljende Sietze komt de bal foar en kinne Stan him tsjin de touwen sjitte. We krije noch wol in pear kansen, mar langsamerhan wurd it by us wat minder. Mar miskien is dit ek wol de fertsjinste fan OHH, want de measte fan dizze jongens kinne ek aardich fuotbalje fansels.

Healwei de 1e helte komt OHH op lyke hichte, op dat stuit fertsjinne. Dochs bliuwe we gefaarlik en nei in moaie kombinaasje makket Stan de 2 – 1. De twadde helte is, foar de neutrale taskouwer, prachtig om te sjen. Der gebeurt fan alles. We komme op 3 – 1 (eigen goal). De fase die der op folget dogge wy us sels eins tekoart. We krije kansen om de utslach noch grutter te meitsen. Dit dogge we net en troch in foutsje by us, makket OHH de oanslutingstreffer. Tsja, en dan is der wer fan alles mogelik fansels. OHH set alles op alles om de lykmakker te meitsjen. En dat slagget se ek noch, 10 minuten foar tiid wurd it 3 – 3. Mar it is noch net dien. We fuotbalje best wol goed en bliuwe foaryn libbengefaarlik. Stan komt allinich foar de keeper en wurd hurd underut helle. In terjochte reade kaart, die frjemd genoch letter net op it wedstriidformulier te fynen is. De skiedsrjochter jout earst in penalty, mar op oanwizingen foar de grinsrjochter wurd dit in frye traap op de 16 meter. Sjoerd eist dizze bal op en poeiert m snoeihurd op e latte.

En dan 5 minuten foar tiid, Sjoerd giet syn man foarby en jout in perfekte foarset by de twadde peal. Der stiet Tjitse en mei binnenkant links sjit hy de 4-3 binnen !!! Mei noch in pear minuten te gean, giet alles ut Oudega,Heeg, Hommerts en Jutryp nei foaren. Mei in noadiche fysieke kreft en oertredings yn us 16 meter wit OHH noch in goal te meitsjen. Dizze goal hie noait goedkeurt wurde mochten, mar de skiedsrjochter wiist nei de middenstip. Us grinsrjochter Harry stie al in skofke te flagjen foar dizze oertredings. Nei in petear tusken skieds- en grinsrjochter wurd dizze goal terjochte ofkeurt. We kinne de wedstriid fjirder sunder problemen utspylje. O ja, undertusken poeiert DJ Sjoerd de bal ek noch in kear op de krusing. Alwer in moaie sneon, no op de nye wike. Us tsjinstander is dan SC Boalsert JO17-1.
Theo.