Weppers moandei 11-10-2021

Sneon 9-10-2021
9 oktober 2021
Weppers woansdei 13-10-2021
13 oktober 2021

SDS Vr.1 op de foto

SDS Vr.1 is sneon op de foto kommen mei stiper Harm Slot.

Steand: Assistint-trainer Richard de Greef, Marit Albada, Janieke Dijkstra, Evie Bouma, Marrit Hiemstra, Minke Hoekstra, Lysanne Wiersma, stiper Harm ‘Slot Fundering’, Sieta Tessemaker en trainer/koach Johan Wittermans.
Sittend: Kirsten Hiemstra, Femke Terpstra, Elske Galema, Seriette Strikwerda, Jildou Sweering, Petra Koopmans, Hester Kingma, Prajita Chetri, Larissa Euper, Grace Odier en Minke Postma.

Koprinners

By SDS 2 yn de kompetysje liket elkenien aardich oanelkoar weage. Der steane nei 3 wedstriden namelijk 7 ploegen boppe-oan mei 6 punten. SDS 2 is hjir ien fan.

50

Der hoecht gjin namme bij.  Mei  dizze tekst witte wij fansels allegear wa’t it is. Sneon waard hij 50.
Fan herte lokwinske Theo

Ofwêzich


Ien fan de ôfwêzigen sneon wie Habtamu de Hoop. Hij hie in goeie reden want tillefysje opnames geane altyd foar. Yn jannewaris te sjen yn it programma Het Dorp.
Habtamu stiet hjir mei Huub Stapel te praten yn de Súdhoeke.

SDS 3 yn NOS-podcast

Ofrûne freed kaam SDS 3 noch efkes del yn de Podcast fan de polityk kommintatoren fan de NOS. Jim kinne it hjir belústerje nei 4 minuten en 55 sekonden.

Net in kâns sjoen


De Bunnikside . De earste helte fan SDS 1 it plak foar in oantal fêste supporters. In plak, wêr’t je de kânsen fan tichtbij besjogge at SDS de goeie kant útspilet. Der sitte stjerren fan earder en der sit in lieder fan earder. Wij begripe no wol dat hij wat wrak oan it wurden is. At je 25 jier lang lieder west hawwe fan SDS 1 en de hiele goeie jierren meimakke hawwe en at je bij alle kânsen opsprongen fan de bank of út de dugout, dan hat dat seker gefolgen foar knibbels of heupen.
It falt no net mei om neist sa’n entûsjaste supporter de wedstriid fan SDS 1 te besjen. Bij alle kânsen fan SDS springt hij fan de bank op de Bunnikside, sadat hij it noch better sjen kin.  Dat de rest dan efkes neat sjocht hat er net yn de gaten.
Gelokkich wie der ek in sitewaasje dat wij bij him lâns sjen koene. Dy kâns ha wij wol sjoen ……….en hij net. Spitich dat it net in doelpunt waard.

G.n.t.

Kommende sneon soe SDS 3 bekerje tsjin NOK 2, mar NOK jout no al oan dat sy dan te min fuotballers hawwe. De wedstriid wurdt no fersetten nei sneon 23 oktober.

 

Daliks mear!